It ferhaal
Dit is it ferhaal fan in
spleten famylje.
Se woeksen allegear op yn Emmen, wêr't Sjouke
Postma en Janna Jans in hotel
runden. Harren
trije âldste jonges waarden berne yn Meppel, de oare trije kamen
ta wrâld nei't hja nei Emmen ferhuze wiene. Sjouke wie fan
oarsprong in Fries, hij
kaam fan in lyts gehucht 'Swarte Hoanne',
heech yn it Noarden.
4 huzen, in kroech
en in pleats pal achter de waddenseedyk.
Syn heit Jacob Jacobs Postma
ferstoar jong op 39-jierrige leeftyd.
Syn widdo Frouwkje
Postma-Polstra en har lytse jonges Jacob(1975) en
Sjouke(1974)bleaune achter mei mar yn lyts
bytsje om fan te bestean.
In pear jier letter
fûn syn mem in
oare
man, die syn libben wol mei har dele
woe, mar op ien betingst: de jonges moasten weiwurde.
Om't de earme frou gjin ynkommen hie, waard de
ôfspraak makke. De jonges Sjouke
en Jacob
gongen nei harren beppe
yn Ljouwert. Beppe
ferstoar in pear jier letter, en de jonges gongen útelkoar.
Syn broer Jacob
bleau yn Fryslân,
Sjouke gong te wurkjen yn hotels yn Stienwyk,
letter yn Meppel. Gjin
skoalle mear, allinnich
wurkje, wurkje.
Hjir kaam hij de leafde fan syn libben tsjin, Janna Jans fan Ruinerwold,
bern út in ienfâldige
boerefamylje. Fan myn
heit ha'k fernaam dat Sjouke as
jongfeint in kear as wat te folle
sûpte, mar
hjir rap fan genêzen waard troch de stringe Janna. Hij wie hielûnthâlder
de rêst fan syn libben.
Twa bern ferstoarnen sadree't se ta wrâld kamen. Jacob kaam ta wrâld
yn 1901, doe Hennie, doe Klaas.
Allegear berne
yn Meppel.
Sjouke kroech de kâns
it
hotel fan in sekere Meijer
yn Emmen te runnen. Dus hja ferhuzen, mar wurken noch al yn tsjinst fan in oar. It fjirde bern
kaam, it earste en iennichste famke,
Frouwkje.
Mar Sjouke en Janna woene
harren eigen nearing hawwe. Dus, mei
hast gjin sinten,
mar in protte grom en ûndernimmerskip, lieten hja harren eigen hotel
bouwe, deun bij de krekt boude spoarwei en it nije stasjon yn Emmen.
De earste jierren wiene swier.
Benammen Janna wurke
hurd, moarns de earste, jûns de
lêste dy't sliepen gong.
Sjouke wie mear in man fan ideeën, die de
boeken, en groeide mear en mear
út ta
in publike figuer
yn
Emmen. Hij siet foar
de Vrijheidsbond
- de liberalen - yn de gemeenterie, en letter wie hij ek
al in fertsjinwurdigde foar de trije noardlike
provinsjes yn Den Haag.
In 1910 waard harren fyfde bern berne, myn heit Johan Sjouke, ropnamme
Joop.
Se moasten hurd
wurkje, en
alle bern moasten bytiden helpe yn it hotel. Mar it libben wie
goed en de saken avensearden. Oant de earste Wrâldoarloch yn 1914. Ien fan de twa grutste
stomme konflikten yn dizze
ieu, neist in soart oare oarloggen.
Nederlân
slagge deryn
neutraal te bliuwen, in
protte Belgen flechte nei Nederlân,
om't se net in doelleaze dea stjerre woene yn de "Killing
fields" fan Flaanderen
en Noard-Frankryk.
Se kamen ek
safier as
Emmen, in soart ferbliuwen yn Hotel
Postma. Grif gjin bêst beteljende klanten, mar likegoed hertlik
ferwolkomme troch Sjouke en Jannna.
Foar de help dy't hja bean hiene yn dy tiid kroegen hja nei
ôfrûn in "Mobilisatiekruis". Hjir rjochts stiet der in
ôfbylding fan.
Fjouwer jier letter wie dizze ramp foarbij. Om it
te fieren waard der in
Fredeskastanjebeam
plante yn
de achtertún.
It libben gong troch, saken ek.
Yn
1922 waard harren sechsde(of achtste, as
jo de twa deaberne
bern
meitelle) berne. Wer
in jonkje, Albert, ropnamme
Bert. Op dat stuit
hiene de trije âldste jonges it
âlderlik nêst al ferlitten.
Jacob en Hennie
wieren nei see en Klaas studearde foar arsjitekt yn it Westen fan it lân.
Frouwkje hie in protte muzikaal talint. Hja koe goed
pianospylje, spile ek mannich jierren oargel yn de Herfoarmde Tsjerke
en
waard
pianolearares. Hja bleau har hele libben
sûnder partner.
Joop wie wierskynlik de yntelligintste
fan allegear, net botte technysk
of artistyk begaafd sa
as
inkelde fan syn broers.
Bert, de Benjamin fan de famylje, wie ek tige bij de pinken, en en syn mem hie der sa no
en dan de hannen fol oan.
Der waard útsteld, dat Jacob,
de âldste, it hotel oernimme soe. Hij hie in soart
jierren de catering
op seeskippen dien, mar
woe him no op de wal festigje mei de leafde
fan syn libben, Frieda.
Yn1932 waard begûn mei de bou fan de
"Kolhoop" , in hús ûntwurpen
troch soan
Klaas, as wente foar syn heit en mem njonken it hotel.
Úteindelik kaam alles goed mei dit hús, mar in
skoftke seach it der net nei út.
Sjoch: Kolhoop.
Op dat stuit wienen al fjouwer bern ta de doar
út:
Jacob wenne yn it hotel dernjonken, nei mannich jierren oer see. Hennie
waard learaar, en sette
ôf mei syn frou nei en earste bern nei
East-Ynje, in plak dêr't hij syn hele
libben
in swak foar hâlde. Klaas wurke
as boukundich yngenieur en arsjitekt
yn Utrecht mei syn
frou Dora. Dizze
broers hiene alletrije bern.
Joop gong teology
studeare, earst
yn Grins oan'e de universiteit, letter yn Amsterdam. Hij waard letter meniste
dûmny.
Allinnich Frouwkje en Bert bleaune
bij harren heit en mem yn de Kolhoop.
It opkommende Nasjonaal-Sosjalisme
treau syn ferskuorrende skaad foarút oer
Europa. Jacob sympatisearre
mei harren ideeën. Seach de ekonomyske waaks en it groeide
selsfertrouwen yn it easten. Hennie wie fier fuort yn Azië, mar sympatisearre
totaal net.
Klaas wie fûl tsjin.
Joop fernaam yn
syn stúdzje
oer de freeslike wize wêrop Stalin
syn mei-menisten behannele yn de Sovjetunje en seach yn Hitler in goed
tsjinwicht hjirtsjin.
Klinkt as it útdriuwen fan de duvel mei
Beëlzebub. Hij naam ek de mooglikheid
oan, al yn oarlochstiid, om nei it gebied
rûn
Danzig te gean
foar ûndersyk, mei help fan de pleatslike
Dútse autoriteiten. In grutte stommiteit, nei myn
oertsjûging.
Oarloch en oarlochsbarren
dreaune foargoed in wich yn de famyljeferhâldingen. Tryst mar
wier.
Doe't Dútse troepen Nederlân
yn dinderen, krekt as oeral yn Europa, wie Jacob pleatslik wichtich man yn
de Nederlânse Nationaal Socialistische
Beweging, waarden Hennie
en syn famylje troch
de Jappen yn kampen opsleatten,
de bûngenoaten fan de nazis yn Azië, en rjochte
Klaas in fersetsgroep
op en waard inkelde jierren letter fermoarde troch
de
Dútsers.
Joop, dy't no meniste
dûmny wie, waard slim siik,
en lei op stjerren.
Hij wie yn Davos yn Switserlân
om
te herstellen fan Tuberkuloaze. Doe't elts tocht dat hij de nacht net mear helje soe,
joech men him, as lêste rêdmiddel, in medisyn mei neat oars
as in nûmer. It die bliken, it wie in antibioatikum, en ta elts
ferbjustering oerlibbe hij. Hij kaam werom nei Nederlân, yn
oarlochstiid, koe gjin plak as dûmny krije en wurke as
gemeenteamtner - foar de besetters. In opportunistyke ynstelling wie
him eigen, en hij hie no ek in frou en twa bern om foar te soargjen.
Frouwkje bleau bij har heit en mem.
Bert earst
ek, mar meldde
himsels letter oan foar de Waffen
SS, en kaam noait
mear werom nei
Nederlân.
Sjouke ferstoar op 4 maaie 1943, om in swakke sûnens likegoed as fan fertriet om't
meardere fan syn bern sympatisearren mei de nazi's.
Gelokkich hoegde hij net mear te belibjen
dat syn oare soan Klaas deamakke waard troch dyselde nazi's op 29
febrewaris 1944.
Yn maaie 1945, doe de befrijing
kaam, wie de situaasje sa:
Jacob en syn
frou wieren fêstnommen as kollaborateurs.
Hennie hie freeslike jierren oerlibbe
yn it
jappenkamp yn Ynje,
lykas syn frou en bern
Klaas wie dea, eksekuteard troch
de nazi's
Joop waard socht om
kollaboraasje, gong der nei in skoftke fan
tusken, en liet syn frou en bern sûnder middels fan bestean
achter.
Frouwkje waard koart fêstnommen,
benammen
omreden fan har bruorren.
Mem Janna waard ek arresteard. De twa
froulju waarden frij
snel frijlitten, hja hiene ek net in soart
útheefd.
Bert kaam koartskoftich nei Nederlân
om syn mem
op te sykjen, waard socht
troch de autoriteiten, as
earder soldaat bij de Waffen
SS en flechte wer.
En pake Sjouke wie in pear
jier dêrfoar al ferstoarn.
Yn dizze emosjoneel
fallyte famylje like it noait mear mooglik elkoar
aardich te finen of krekt net op in normale wize. Sa-as dat it gefal is
yn in normale famylje.
Altiten siet
die oarloch der tusken,
mei al syn trauma's,
leed, haat en fertriet.
It fertriet
fan it dakleaze famke,
út it hús
fan
har beppe trape tegearre mei har lytse bruorke, en gjin inkele plak
wêr't se hinne koe, omt elk oppakt
wie foar
kollaboraasje.
It fertriet
fan it tienerfamke, dy feeste soe
en fan it libben genietsje, mar ynstee
te loanne kaam yn in Japans
konsintraasjekamp.
It fertriet
fan it jonkje fan sân,
waans heit deasketten
waard en achterbleau mei in troch fertriet sleine mem, broer en suster.
It fertriet
fan in suster die hâlde
fan al
har bruorren, lyk hokker
polityke kar
hja makken yn de oarlochsjierren,
en hjirtroch inerlik
ferskoarre waard.
It fertriet
fan in mem en har twa
hiele jonge
dochters, dy't yn earmoed op
yn
briek wenskip wenne mei praktysk gjin middels fan bestean nei't har
echtgenoat der fantroch gongen wie.
It fertriet
fan in jonge
man die sels al heit
wie,
die op ien en deselde dei
syn iennige ienige
broer ferlear en fernimme moast dat de identiteit
fan syn heit in leagen wie.
En dat is, neffens mij, wêr't it allegear
oer giet.
Werom nei it hotel
Nei it famyljeportret