Klaas


Drawing castle
Hjir stiet in tekening, in bytsje dizich miskien, troch Klaas makke. In kastiel. Ien dy't hij miskien echt bouwe litte kinnen hie, hie der tiid fan libben krigen.Klaas as a small boy
Hij wie in self-made man, talenteard. Mei 19 jier wurke hij al as learaar op deselde technyske skoalle wêr't hij in pear jier dêrfoar syn eineksamen dien hie.Troch it folgjen fan skriftlike kursussen(PBNA) learde hij foar arsjitekt. Hij ferliet syn wenplak en gong yn Den Haach te wenjen, wêr't hij syn frou Dora tsjinkaam. Dêrnei ferhuzen hja nei Utrecht.


It wie in goed houlik, hja kroegen tegearre trije bern, twa jonges en in famke.

Om't hij arsjitekt wie, fregen syn heit en mem him ek boutekeningen te meitsjen foar in hús foar harren, njonken it hotel yn Emmen, De Kolhoop. Der is mear oer dit hús te finen op dizze webside, om't it in wichtige rol spile yn de famyljeskiednis.
Hij en syn famylje belibben drege tiden yn de wrâldwide depresje dy folge op de Wall Street crash fan '29, mar hja kamen it te boppe yn de rin fan de tritiger jierren. Klaas wurke as in boutechnysk tekener/ûntwerper foar de Nederlandse Spoorwegen, yn Utrecht.
Hja wennen yn in noflike wente yn de Josef Haydnlaan, oant de Dútsers kamen. De fleantugen mei bommen foar Rotterdam(14 maaie 1940) fleagen rjocht oer harren hús.
Al gau dêrnei waard harren hús yn beslach nommen troch de nazi-besetters en moasten hja derút.

Franz SchubertstraatHjir gongen hja hinne, de Franz Schubertstraat 37 yn Utrecht. Rjocht tsjinoer in skoalle dy ek konfiskeard wie troch nazi troepen om as ferbliuw te tsjinjen.
Klaas en syn frou Dora wiene pûrlik op de besetters en besletten wat te dwaan. Hja namen ûnbidige risiko's. Mei in hiele binde Dútse soldaten rjocht tsjinoer harren hús, ferburgen hja Joadse minsken en ek wapens op'e souderferdjipping fan de wente.

Yn 1941 rjochte hij in fersetsgroep op, neamd de "Oranjevrijbuiters", dy minsken holp - benammen Joaden -te ûntkommen nei ûnderdûkadressen op'e Veluwe en nei it Noarden fan it lân. Hja pleegden ek oerfallen op distribúsjekantoaren om itensbonnen foar de ûnderdûkers te krijen en ek oanslaggen op kollaborateurs.




Weromsjend, is it oe sa makkelik te oardielen en te sizzen dat hja miskien wat te oerdwealsk wiene, mar: Hja diene wat tsjin dit beestachtige regime.

Yn 1943 ferrette ien fan de leden, in de Heus, de hele groep en hja waarden allegear arresteard. Nei't se festnaam wiene en nei it Oranjehotel yn Skeveningen brocht waarden hja ta de dea feroardield en fusilleard moans bijtiid op 29 februaris 1944 op de Waalsdorpervlakte. It libben fan 2 fan de 20 waard sparre, fan ien om't hij op deselde dei jierdei hie as ien fan de grutste skurken aller tiden, Adolf Hitler. Hja moasten tasjen hoe harren kameraden deasketten waarden en hoe harren lichems yn in gat yn de dúnen goaid waarden.

Klaas wie in held, absolut. Fan alle leden fan myn famylje, haw ik de measte sympaty foar him. Der is in hele webside wije oan him en oan syn fersetsgroep: Oranjevrijbuiters.

Na de oarloch waarden harren stoflike rêsten opgroeven en werbegroeven yn in eregrêf. Op it begraafplak  "De Tolsteeg", yn Klaas' wenplak Utrecht waard ek in monumint oprjochte.

Op dit monumint stean dichtrigels út in gedicht fan de dichter Adriaan Roland Holst:

Ik zal de halmen niet meer zien
noch binden ooit de volle schoven
maar doe mij in den oogst geloven
waarvoor ik dien


10 mei 1947*


* Datum fan ûnthulling fan it monumint

Syn frou Dora is noait oer it ferlies fan har man hinnerekke. Se hat elts kontakt mei alle leden fan de Postma-famylje ferbrutsen, ek mei Hennie, dy"t gjin inkelde bining mei it nazisme hie, of mei Dútslân en sels yn in Jappenkamp yn Nederlâns-Ynje sitten hie. Hja waard 92 jier âld.
Der is in strjitte nei myn omke Klaas neamd, de Postmalaan yn Utrecht.
Ik fûn út, dat harren bern sa'n lyts bytsje wisten oer de famylje fan heitekant, dat in soan net iens wist dat syn pake en beppe in hotel hawn hiene, wylst hij sels it grutste part fan syn libben yn de horeka wurke hie.
Tagelyk, wist ik oant 1,5 jier ferlyn net dat der in monumint bestie ta eare fan myn omke yn Utrecht, en likemin - fermoedzje ik - dat myn heit dit wist oer syn eigen broer.
Klaas

Dat wie Klaas, de man dy in krekt beslút naam yn minne tiden, en dêrfoar betelje moast mei de heechste priis dy't in minske jaan kin, syn libben.
Monument

     
               Gravestone



Werom nei it hotel

Nei it famyljeportret