De Kolhoop
Dit hús spyle in wichtige rol yn
de skiednis fan de Postma's.
It is boud yn 1932/33, en wie ûntworpen troch soan Klaas
dy't architect wie.
It wie bestemd as wente foar syn heit en mem, omt de âldste soan Jacob it hotel oernaam.
Sa as hjir te sjen, wie it in moai ûntwerp, in bewys fan Klaas'
talent.
De Kolhoop waard boud yn tiden fan wrâldwide finansiele
nederklits, en dat hie ek hjir syn impact.
Om't in klant syn ferplichtingen him tsjinoer net ferfolle koe, koe
Klaas syn eigen skulden net foldwaan. Jacob en syn frou Frieda kamen
werom fan hareen houliksreis op'r Rijn, klear om it bedriuw oer te
nimmen. Mar instee: in kâlde dûs. De ferbou fan it hotel
lykas de bou fan de Kolhoop wie stillein, om't rekken net betelle
wurden koene. Om him ut de skoarsek te
helpen, moast de hele famylje bijspringe. It wie maaitiid, de droktste
tiid fan it jier kaam, mar personeel koe net ynhierd omreden fan te min
likwide middels.
Alle famyljeleden holpen yn de saak, en hja hiene gelok: it wie in
prachtige simmer wer't hja in protte klanten hiene. Dus in soart omset
dy't der foar soarge dat tsjin it einde fan it jier de slimste soargen
oer
wiene. Mar dochs, it hat in finansjele impact hawn fan jierren.
Heit en mem Sjouke en Janna belutsen de wente mei harren
jongste
soan
Bert en dochter Frouwkje en beiden wennen der
oant harren libbensein, yn 1943 respektivelik 1964.
In lyts tabakswinkeltsje waard dreaun yn it rûne diel rjochts
oant 1962, troch myn beppe Janna.
Yn de jierren nei de oarloch, ferbleaune Jacob's
bern yn it hús omt harren âlden, as kollaborateurs yn de
oarloch,
ut harren hús set en fêstnaam waarden. De bern, oe sa jong
noch(de jonste wie 1,5 jier âld), fûnen ûnderdak yn
de Kolhoop bij beppe Janna en muoike Frouwkje.
Oant beppe en muoike ek arresteard waarden en de bern derut skop,
hielendal oan harren lot oerlitten.. Yn letter jierren waard de
ûnrjochtfeardigens hjirfan wol ynsjoen, dochs liet fansels dizze
erfaring grutte trauma's achter bij de belutsenen.
Doe beppe letter wer frijlitten waard(hja hâlde fan har mei de
nazis
sympatisearjende soan, en dat wie it wol sa'n bytsje) kamen
dyselde bern wer yn de Kolhoop te wenjen. Hja gongen ek yn Emmen nei
skoalle.
Ek
Hennie's dochter ferlbleau in soart
bij har pake en beppe yn de 30-er jierren, eart hja nei "de Oost"
ôfsetten. Nei harren weromkomst yn 1946, ferbleaune sij en har
âlden dêr, omt hja gjing eigen wente hien. Nei har
âlden
weromgongen nei N.E.Ynje, fûn hja hjir in twadde tus. Bij beppe
en
muoike.
Joop's twa âldste famkes wennen
ek yn de Kolhoop, benammen daliks nei't hja weromkamen ut
Súd-Amearika
yn 1957, en de eigen wente yn Warns noch net yn oarder wie.
Ien fan harren behâlde nau kontakt mei muoike Frouwkje en besocht
har fakeris yn de 60-er jierren, nei't beppe ferstoarn wie.
Iksels, harren lytste bruorke, verbleau in wike tegearre mei us heit in
dit hús yn 1970, nei't muoike Frouwkje op de 8e jannewaris fan
dat jier
ferstoarn wie. It hús moast oprêden en klearmakke foar de
ferkeap. Hij liet mij doe in protte fan Emmen sjen en fertelde oer syn
bernetiid.
Neffens mij kin men terjochten stelle, dat in protte fan de
Postma-neiteam,
twadde of tredde generaasje, in feilige haven fûn hat yn dit
hús
op iennich moment yn harren ûnbestindige libbens.
Myn suster fertelde mij dat hja it altiten in interressant
ûntwerp fûn, om't it oan ien kante rûn wie. Ik
herinnerje mijsels benammen de prachtig kleurde glês-yn-lead
ruten. Kinst se hjir oan de bûtenkante sjen. Moai.
Werom nei it hotel
Nei it Famyljeportret