Joop

Joop as a studentIn fet fol tsjinstridichheden wie hij, ús heit. In tawijd predikant, dy't him bekroade om de mienskip dêr't hij foar wurke.

In geweldich learaar, mei learlingen dy't him graachs lije mochten en it 30 jier letter noch hieltyd oer syn lessen hiene. Lichaamlik net sterk, mar tige produktyf wylst syn hele libben. Hij kombineare lesjaan, preke, skriuwe en de stúdzje fan de Fryske en meniste skiednis. En reizgjen , as it sa útkaam.


Hij liedde it libben fan in swerver yn Súd-Amearika, en in tige disyplineard libben dêrnei.

Net leafd bij elkenien binnen de Nederlânske meniste mienskip, alom bekend en leafd bij oare Menisten yn Dútslân, Switserlân, Noard- en Súd-Amearika.

Joop as jongfeint

Johan Sjouke, sa as hij folút hiet, ropnamme Joop, waard berne yn de hjerst fan 1910, yn it hotel dat syn heit en mem in jier dêrfoar boud litte hiene. Syn berte kaam syn mem net sa goed út, nei it skynt hat sij sels op'e dei dat sij him kroech noch trochwurke.

Yn letter jierren fertelde hij ús, dat hij oanfanklik net in winske bern wie.Of't dit no de hele wierheid is of net, it is sa as hij it fielde, en dit gefoel hat him yn gedragen syn hele libben stjoerd.

Krekt as syn bruorren en suster hâlde hij in soart fan syn mem. Mei in suster dy't 4 jier âlder wie, en syn 3 broers 6 en mear jierren âlder, wie hij fansels it lytse broerke, nei alle gedachten wol in bytsje ferwend.
Oant 11 jier letter Bert kaam.

Hij wie dúdlik in yntelligint bern. Net sa handich as syn âldere broers Klaas en Hennie. In protte dingen spilen him ôf yn syn holle, yn syn gedachten. En yn die gedachten libbe hij syn libben lang.
Hij wie as bern graach allinnich, mar die ek wol mei oan ferskate bútenskoalske aktiviteiten. Wie lid fan de pleatslike Emmer fuotbalklup, hie ek meidien oan it oprjochten derfan.Wie in stikmannich jierren bij de paadfinerij. Gong op fytstochten tegearre mei jonges út it doarp, om te út fan húzjen bij famylje yn Fryslân, de provinsje dêr't syn heit Sjouke wei wie.

Nei de legere skoalle, hij moast doe ek al gauris helpe yn it hotel(dat moasten hja allegear), gong hij nei de H.B.S.(Hogere Burger School), festige yn in âld kleastergebou yn Ter Apel.

Hij makke dy skoalle ôf mei goede sifers yn 1928. De foar de hân lizzende folgjende stap wie de universiteit.
It ferhaal dat hij letter fertelde, wie dat hij fan wit hoe bijtiid ôf teology studearje wollen hie. Dit mei sa wêze, hij hat ek in skoft Ingelske taal en letterkunde besocht.

Omt hij gjin klassike talen leard hie, de skoalle yn Ter Apel wie gjin Gymnasium, studearre hij earst twa jier Latyn en Gryksk yn Grins, wer hij doe ek wenne. Dernei pakke hij de stúdzje teology op.

Syn mem wie herfoarmd, syn heit menist. Joop keas al bij tiid foar it menisten dom, en moast sadwaande syn stúdzje ôfmeitsje op it meniste Seminaarje yn Ferdampste. Ien persoan dy't tige wichtich foar him wie yn dy tiid wie Professor Kühler. Hij stoarte him ek wol yn it studintelibben, net sa om te feesten en te sûpen as wol om te debattearen. Hij wie in goed debater, en nei it skynt hat hij, troch in tal fan syn tsjinstanners 'yn de hoek te praten' hjirmei ek fijannen makke. Letter namen inkelde fan harren wraak yn de polityke konstellaasje fan de jierren 40 en 50. De kollega dûmny Leendert Knipscheer is hjir it fermelden wurdich. Hij stie der op ta, Joop's ûndersykspapieren oer Meniste skiednis troch de papierfersnipperder te smiten, doe Joop en syn gesin út harren hús set waarden yn de roerige nei-oarlochske perioade. Wraak foar ferlerne debatten yn eardere jierren.

Op de universiteit, fernaam hij oer it freeslike lot fan de Menisten yn de Sovjet-uny, ûnder it ûnminsklike regime fan Stalin. Ien fan de ôfgryslikste smjunten yn dizze ieu.
Joop wie fan miening, dat wat tsjin dizze katastrofe ûndernommen wurde moast. Nei syn idee soe hjirbij in sterk Dútslân fertuten dwaan kinne(der wie tafallich krekt Hitler steatshaad). Klinkt as de duvel mei Beëlzebub útdriuwe.

Yn dizze perioade holp hij ek it libben te rêden fan in Dútse Joadske arts neamd Wolf. Dy syn hús wie beskeadige yn de Kristallnacht yn 1938. Wolf woe it lân út  flechte.
Syn soan wie al yn Nederlân en koe har helpe troch te reizgjen nei de Feriene Steaten.
Mar: 1.De Nederlânske autoriteiten stjoerden bij de grins alle Joadse flechtlingen fuort, werom de Nazi-terreur yn. 2. Hja hiene sinten noadich fuor de boat.
Joop holp harren de grins oer te gean yn in auto, en gong doe mei de trein werom Dútslân yn om de troch de Wolfs ferstopte juwielen te heljen, om de reis nei de VS beteljen te kinnen.  Op it paad werom wie hij fansels skytensbenaud, de dûane soe fansels de juwielen yn syn bûsen fine kinne.
Bij de grinsoergong, wist hij ynienen wat hij sizze moast tsjin de dûane. "Hawwe jo wat oan te jaan?", frege de man. "Ja", sei ús heit, "ik haw de bûsen fol mei diamanten". De wierheid. De man tikke mei syn wiisfinger tsjin syn foarholle en rûn fjirder.
Op dy wize binne de libbens fan dokter Wolf en syn frou sparre.

Hij woe ôfstudeare op it ûnderwerp Meniste skiednis. Dus kroech hij, troch konneksjes, de kâns om nei kastiel Oliwa te gean, deunbij  Gdansk(Danzig) yn wat no Poalen is, mar doe Dútsk en beset troch de Nazi's. It stomste wat men dwaan kin, nei myn oertsjûging. Hij bleau der 3 moanne, en die der ûndersyk.

Joop as a preacherWerom yn Nederlân, hij wie al dûmny, waard hij siik.Slim, slim siik. It die bliken, it wie tuberkuloaze. Hij gong nei Davos yn Switserlân, om te herstellen.
Foar in protte dy't der hinne gongen, betsjutte dit it ein. Sljochthinne 2 fan 3 herstelden noait en stoaren dêr.

Dat wie ek Joop's foarlân. Mar, yn de nacht dat hij mear as 40 graden koarts hie, en iderien tocht dat hij deryn bliuwe soe, joech men him in medikamint. Mei gjin namme. Allinnich mar in nûmer. Wa wit, miskien helpt it........  It wie in antibioatikum en Joop waard hielendal better. Hij wie lichaamlik noait sterk, mar tige dissiplineard, in tuskenbeiden iter, dronk hielendal gjin alkohol, smookte net(nei syn tbc-perioade wie hij fûl anti-smoken), gong betiid op bêd en stie op'e tiid op. Hij helle de leeftiid fan 84 mei mar oardel long.

Op de leeftiid fan 33, kaam hij ús mem tsjin, dy hij al fan derfoar koe, en troude har. Hja wie tsien jier jonger. Om't hij as dûmny net oan de bak komme koe, naam hij it - nei myn miening - tige ûnferstannige beslút om as provinsjaal amtner yn Assen te wurkjen te gean, dus ûnder de Dútse besetting. Hij waard ek noch tydlik boargemaster fan de stêd Meppel(It plak dêr't syn âldste trije broers Jacob, Hennie en Klaas jierren ierder berne wiene), nei eigen sizzen om't gjin ien oar it dwaan woe. Ek hjir is myn ienichste gedachte, wat in superstom beslút. Hij kommitteerde himsels hielendal oan de Dútse besetter.
Hij en syn frou kroegen twa dochterkes, myn twa âldste susters.

De alliearden befrijden ús lân. Dit betsjutte gjin frijheid foar Joop. Hij hie wat radiopropaganda dien, hij hie as amtner wurke yn tsjinst fan de besetters, it boargemasterskip, allegear aardich belêstende saken.
Hij waard arresteard, mar wer frijlitten, hingjende de proseduere.
Dokter wolf skreau in brief fanút Amearika wei ta geunsten fan him, wêr't hij fertelde wat Joop foar harren dien hie. Fierders ek ferwizend nei inkelde nuvere opfettings('odd views') fan de hear Postma, útgeande fan polityke konsepten mear ynjûn troch religieuze útgongspunten as troch fundamentele libbenswysheden('political concepts more induced by religious conceptions than necessities of life'). Nochris tige tsjinstridich allegear.
Wat dernei kaam fielde as in mes yn de rêge foar Joop: men woe him it rjocht ûntsizze om yn 10 jier tiid it amt fan preker út te oefenjen. Dat wie it momint dat hij besleat te flechten.
It jonge gesin wenne al op in brike wenboat, nei't hja út harren hús yn Assen set wiene, en Joop ûntflechte it lân, liet syn frou en twa bern achter. Hij seach harren  3 jier lang net werom, allinnich mar brieven.

gronauHij gong nei Gronau, pal oer de grins, nei in kamp foar Meniste flechtlingen, dy't út Prúsen ferdreaun wiene. Krekt as syn jongere broer Bert, slagge it him papieren te krijen fan in soldaat dy't oan it Eastfront sneuvele wie, mei help fan in meniste tekstyl-yndustrieel út Gronau. De identiteit dy hij oannaam wie die fan: Heinz Wiebe.
Letter luts hij fierder nei kamp Backnang, en fan dêrút mei in boat fol Menisten nei Súd-Amearika, de Charlton Monarch. Se wieren hast fersûpt ûnderweis, it wie in driuwend wrak.


It kamp yn Gronau

De namme Wiebe paste hij letter yn syn libben noch in kear ta, hij joech him oan syn soan as foarnamme. Dat bin ik.               It identiteitsbewiis fan Heinz Wiebe

Identity card Heinz Wiebe
It is in moaie Fryske namme, mar ik kin it net helpe, bijtiden haw ik der mingde gefoelens oer.


Úteindeliks, yn Paraguay, nei't hij earst wat omswurven hie, brocht hij syn wiere identiteit út tsjinoer de lieding fan it Mennonite Central Committe, dy't him holpen hiene Europa te ferlitten. Dy fielden har fansels misbrûkt yn harren goede fertrouwen en wiene lulk. Letter yn syn libben, waard hij wer tige befreone mei harren. (Dit stiet beskreaun yn it boek "Up from the Rubble", fan Peter & Elfriede Dyck).






Syn frou Anneke, hoewol sukselfol as direkteur fan in famkesynternaat yn Amsterdam, besleat har wer bij him te foegen yn Paraguay.
Wat har oantrúnd hat om har goede betrekking te ferlitten en him achternei te gean nei it oerwâld, ik fernuverje mij der noch oer. Sil wol leafde west hawwe.
Mar goed, it is ien fan de redenen dat ik der überhaupt kaam bin, dus ok.

The famliy reunited in ParaguayIt gesin herienige him yn Paraguay. Joop wurke as dûmny en learaar yn de Menistenkoloanjes.
Hja oefenen it boerenbedriuw wat út, krekt as alle oaren dêr.
In tredde dochter, Sietske, waard berne yn de koloanje Volendam.

Derwei gongen hja nei Parana, Brazilië. Hja wennen yn Súd-Amearika oant 1957.

Joop wurke ek ornaris yn Uruguay yn de Menistenkoloanjes dêr.

Soent in koart skoft hat myn suster Janna Frouwkje Postma har libbensferhaal online set, en sij skriuwt dêr ek wiidweidich oer dizze tiid op in nije webside: www.openarchief.nl.




De tsien jierren fan 'preekferbod' yn Nederlân wiene hast foarbij, doe hij besleat werom nei Nederlân te gean.

Dus Joop gong werom en joech himsels oan. Men hâlde him in pear wiken fêst, doe kroech hij graasje fan Keninginne Juliana. De oarloch wie al wer 12 jier lyn, men hie oare prioriteiten as it fêsthâlden fan in dûmny dy kollaboreare hie. Lyts spul.

Hoewol't mannich Menist meiwurke hiene mei de nazi-besetters, makken sommigen it him dreech. Net yn Warns, Fryslân. It ferline waard besprutsen mei de tsjerkerie en men liet it achter him. Joop promovearre sels yn 1958, wêr't hij foar nei Marburg yn Dútslân gong.
Nei dy tiid, hie hij in tige produktyf libben as dûmny, wurke as learaar Dútsk op ferskate skoallen yn Fryslân.
Hij die guon yn en foar de mienskip, bijgelyks:
- Hij wie aktyf belutsen bij in suksesfolle aksje om de pleatslike spoarline nei Snits te behâlden. Men gong mei tolf - libjende - kij nei de Twadde Keamer yn Den Haach.
- Hij holp in soargsintrum foar âlderein op te rjochtsjen, de "Janke Tromp Hoeve", finansierd mei it legaat fan in man dy't oarspronkelik út Warns kaam.
- Hij wie belutsen bij in plan foar in pleatslike skipwerf(foar rekreaasjeboaten).

Joop preachingJoop wie altiten oe sa behindich yn it entûsjasmearen fan oaren foar bepaalde plannen. Syn praktyske feardigens wie tige beheind. Dat koe men better oan oaren oerlitte.

Yn 1959 kaam syn soan Wiebe te wrâld yn Warns. Dêr wie ik, klear om it libben ûnder eagen te sjen.
Sa as al sein, de namme wie gjin tafal, om't Joop ûnder deselde namme as achternamme libbe hie.


Yn 1963, ik tink wer fanút in sekere ûnrêst,  naam Joop it amt fan preker oan fan de meniste gemeenten yn Sembach en Enkenbach yn Dútslân. Wij bleaune der fjouwer jier. Tank sij die koarte perioade sprek ik ek hjoed de dei noch floeiend Dúts.

Yn 1964 ferstoar syn mem Janna.

Yn 1967 gongen hja werom. Nei Warns. Oant syn pensionearing('emeritaat' hyt soks bij dûmny's) yn 1975 bleauw  Joop dêr as preker.

Dernei ferhuzen hja nei Appelskea, yn it súdeasten fan de provînsje. Noch hieltiten hie hij in aktyf bestean, folge stúdzjes, preke en hâlde lêzingen yn Nederlân lykas  yn it bûtenlân, ja sels liedde hij tydlik de meniste gemeente fan Wolvegea, en die fan Giethoarn, beide bij harren yn de buert.

Yn 1986 belibben Joop en syn frou in grut fertriet. Dochter Sietske ferstoar, noch mar 34 jier âld. Hja hie problemen mei har man, rûn fuort en ferdwynde in pear dagen foar Krystmis.
Op âldjiersjûn 1986 waard har libbenleaze lichem út it kanaal yn Harns helle, in pear hûndert meter fan har wente ôf. Hja is ferdronken, dat is alles wat wij wite, troch eigen tadwaan of troch in ûngelok
It wie freeslik foar myn âlden. Hja wiene brutsen.

Se waard yn jannewaris 1987 op it begraafplak yn Harns te ierde brocht. Op har grêf bloeit no in grutte prachtige roazenstrúk.The grave of Sietske
Op de stien op har grêf stiet inkeld de tekst "liefste Sietske".  Gjin bertedatum, gjin stjerdatum.
It is al in heel skoft lyn, mar ik sil dizze bysûndere suster nea ferjitte, berne yn it oerwâld yn Paraguay.sietske
Ik hâlde ek fan har, leafste Sietske.

Ús heit en mem pakten de brokstikken bijinoar, dat is wat jo dogge as in ramp jo troffen hat.
Joop bleau aktyf, as foarhinne. In stikmannich jierren.
Oant syn geest him yn 'e stuts liet.
De earste tekens fan Alzheimer manifestearden har om 1990. Dit wie foar himsels de slimste tiid, hij hie troch wat der mei him oan de hân wie.
Letter waard it mear in probleem foar syn omjouwing, benammen foar ús mem dy't sa dapper de soarch foar dizze no sa kwetsbere âlde man op har naam.

De demensje makke fan him yn wisse sin in folle milder en sêftaardiger minske.

Na  ferskate drege jierren, mei dochs ek wol in protte moaie mominten foar de twa, ferstoar hij op 24 juny 1995, yn de neimiddei.

It wie in hiele waarme simmer.

The proud preachermanSa herinnerje ik mij him it leafst: De pronte preker.





Kracht in zwakheidDe tekst op syn grêfstien is: "Kracht in Zwakheid".

Dit ferwyst nei in bibelfers: 2 Korintiers 12:9-10

It kloppet, hij hie mannich swakheden, lichaamlik en ek wol op geestelik mêd.

Mar liet ek ornaris grutte kracht sjen.

                                        


              Tsjinstridich mar wier.





Werom nei it hotel
Nei it famyljeportret