Sjouke
Sa sjocht it lânskip der
út yn
it gebied dêr't myn pake berne waard. Fan de
tichtbefolktheid fan
Nederlân fernimst hjir neat. Doe net, hjoed de dei noch altiten
net.
Fuort achter de dyk lizze in kroech en in pear buorkerijen, waans
bewenners it op de Waadsee wûne lân bewurkje. Dat is it
gehucht
"Swarte
Haan".
Bij goed waar kinst it Amelân lizzen sjen yn de Waadsee.
Sjouke en syn broer Jacob binne yn dizze streek te wrâld kaam, yn
1874 en 1875 en libben der earste jierren fan harren libben. Bij
genlias.nl fûn ik út dat der noch in jonkje west hat,
Klaas,
berne
de 2e jannewaris 1880. Dizze Klaas is 37 jier wurden en ferstoarn op
syn jierdei in 1917. Gjin
ûnbekende namme yn de famylje, de namme kaam fan de kante fan
mem
Polstra. Sjouke én Jacob joegen beide letter in soan dy namme.
Doe sloech it needlot ta yn it jonge gesin. Heit Jacob Jacobs
Postma stoar, noch mar 39 jier âld.
Noch ôfsjoen fan it fertriet, stelde dit de treurjende widdo
Frouwkje Postma-Polstra ek
foar grutte problemen, omt sosjale foarsjennings sa as wij die hjoed de
dei
kenne fansels noch net bestiene.
In pear jier letter mjitte hja in nije man, neamd David Sluiter, dy har
wol woe, mar - spitigernôch - net de twa âldste bern.
Probleem.
Jacob en Sjouke, beide om de 12 jier âld, gongen nei Snits, nei
harren beppe.
Beppe soarge goed foar har, mar spitigernôch ferstoar hja in pear
hier letter. De jonges moasten in nei tús fine, en dizze kear
gongen
hja elk earne oars hinne. Jacob gong nei syn omke yn Ljouwert, dy't
molkboer wie. Sjouke gong nei in neef, dy't in hotel en restaurant hie
yn Meppel.
Dêr learde hij ek dit fak. Troch it te dwaan. Bjinderje,
skoan meitsje, ôfwaskje. Gjin skoalle mear foar Sjouke fan dat
stuit oan. Allinnich mar bealchje en wurkje, fan iere betiid oant
jûns
let.
Hij mjitte in famke, Janna Jans,
út in doarp yn de buert, Ruinerwold. Hja
trouden.
Jacob waard berne yn 1901 yn
Meppel.
Warbere types dy't se wiene, grepen
hja de kâns om yn harren
eigen bedriuw te wurkjen, yn Stienwyk, rjocht tsjinoer it stasjon. Se
ferhuzen derhinne. Der is in ferhaal bekend, dat Sjouke syn neef ien
kear yn de wike gong te helpen, op 'e merke yn Meppel. Nei it wurk
namen
de manlju noch in slokje, en fakeris wat mear.
Janna, in stringe frou, soarge der meikoarten foar dat it út wie
mei
dizze wikelikse gewoante.
Hij hat de rêst fan syn libben gjin drip mear dronken......
In pear jier letter ferhuzen hja werom nei Meppel. Hendrik Jan
- Hennie - waard berne, Klaas waard berne.
En wer kaam in nije kâns: Sjouke en Janna kroegen de mooglikheid
om it hotel fan Hendrik Anthonius Meijer yn Emmen te runnen, in stedsje
deun bij. En
dêr, yn
Emmen, hawwe beiden de rêst fan harren libben wenne.
Nei in pear drokke jierren woe it stel har eigen saak hawwe. Op oant
no ta ûnbeboude grûn, tichte bij de krekt oanleine spoardyk
en it
nije stasjon, ferrize Hotel Postma. Alles op skuld, fan de bank.
Janna wie hjir oe sa senuweftich oer, mar Sjouke hie in grut
fertrouwen yn himsels, yn har, en yn syn kristlike god. Dit wie yn
1909. Frouwkje wie al
berne yn 1906.
Yn 1910 kaam Johan Sjouke - Joop.
Wylst de saken avensearren, kroech Sjouke belangstelling yn polityk
en waard lid fan de Vrijheidsbond, de liberale partij doedestiids. Hij
waard letter ek noch foarsitter fan de pleatslike keamer fan
keaphannel.
Hij wie in idel man, en hâlde derfan dat de belangstelling
op him
rjochte wie. In eigenskip dy't inkelde fan syn bern, lykas Bert en ús heit Joop erfden.
Hij runde de saak, fertroude jierrenlang op praktysk mêd in soart
op Janna, wylst de bern opgroeiden. Wylst de Earste Wrâldoarloch
kamen in protte Belgyske flechtlingen yn it hotel, om yn 1918 wer nei
hús werom te gean.
Yn de jierren nei dizze oarloch, waard Sjouke fertsjinwurdiger foar de
liberalen foar de trije noardlike provinsjes Drenthe,
Grinslân en Fryslân yn Den Haag. Hij buorke goed,
hâlde fan syn gesin en wie in sukselfol man in mannich opsicht.
Lytse Bert kaam te wrâld yn
1922,
de
âldere jonges ferlieten it âlderlik nêst en gongen
harren eigen wei.
Sjouke hie syn mem yn 'e hús naam. En joech har de leafde en
soarch dy't
sij him net jaan koe doe hij en syn broer lyts wieren.
Foar mij in teken, dat de man in grut hert hie. Hja ferstoar, 3 wiken
nei't Bert berne wie yn Emmen, yn 1922. Har grêf leit noch op
deselde begraafplak wêr't Sjouke en Janna letter ek begroeven
binne.
Sjouke waard âlder, en woe him ta eintsje beslút yn 1932
weromlûke út de saak, of yn elts gefal rêstiger
oandwaan.
De Kolhoop
waard boud, hij en Janna lutsen út it hotel, mar holpen harren
soan
Jacob en syn frou Frieda noch wol.
It nazisme kaam op yn it Easten, yn Dutslân. Ta grut fertriet
moast Sjouke tasjen hoe't syn soan Jacob sympaty kroech foar harren
ideology, alteast de Nederlânske ferzje. Sjouke wie it der net
mei
iens, mar wat koe hij dwaan?
De tiden waarden al dreger en dreger. Sjoukes sûnens gong
achterút.
Yn 1940 marsjearen de
nazi's binnen, en makken fan it hotel dat hij oprjochte hie ien fan
harren haadkertieren yn Emmen.
Syn soan ferwolkomme harren, yn it unifoarm fan de NSB, de Nationaal
Socialistische Beweging.
Klaas wie fier fuort yn Utert, fersette him tsjin de besetter mei syn
fersetsaktiviteiten. Mem en heit Postma moasten ek har soan Joop
finansjeel bijstean, dy in goede betrekking hie as meniste dûmny
mar TBC kroech en te kuren gong yn Davos, Switserlân. En Bert
melde him oan by de Waffen SS.
It waard him allegearre tefolle, hij koe it net oan, koe har net
tsjinhâlde of helpe.
Op 4 maaie 1943, op de leeftiid fan 67 jier, ferstoar Sjouke
Postma
út Swarte Haan, troch in swakke sûnens en likegoed troch
fertriet om
de djippe polityke ferdieldheid tusken syn bern.
Hij wie in goed man, wis net folmaakt, idel nei alle reken, en hij liet
in hiele soart praktysk wurk oer oan syn frou en oaren.
Mar it lot dat him trof, wie net fertsjinne.
Rêst yn frede, bêste pake. Ik hie dij graachs kend.
Werom nei it hotel
Nei it famyljeportret