Jacob
Dit is Jacob op in wenarke mei
syn echtgenoate. Dat is wer 't se yn wennen nei de twadde
wrâldoarloch.
Jacob hat yn de rin fan syn libben in soart op skippen ferbleaun. As
jonge man wurke hij yn de catering op in skipline fan en nei
Nederlâns-Ynje.
De situaasje der 't hja yn ferkearden op dizze foto hie alles te
krijen mei de omstannichheden en de persoanlike kar dy 't hja tefoaren
makken hiene.
Se hiene net in soart op dat momint, mar hiene tenminsten inoar wer,
nei 't se lange tiid finzen west wiene.
Jacob wie de âldste. Hij wie ferneamd nei de heit fan syn heit,
dy't nei syn heit ferneamd wie, ensafuorthinne...... Minsken fan die
generaasjes wiene net sa botte orizjineel yn it jaan fan nammen, manlju
joegen harren soan sljochtwei deselde namme dy't se sels hiene. Dochs
is it wol in moaie âlde Joadske namme, in namme fan ien fan de
aartsheiten.
Syn eigen heit Sjouke hie de
namme kroegen fan de heit fan syn mem,
Sjouke Beers Polstra.
Út statistiken soe bliken dwaan dat de âldste út in
gesin fakeris mear liederskipskwaliteiten hat as de bern dernei. Dit
wie wis sa bij Jacob. Hij wie manager yn de hotelbusiness wylst it
grutste part fan syn wurksum bestean en wie der aardich goed yn. Wat
syn loopbaan torpedeard hat wie syn kar foar de NSB.
Hij waard berne op 6 maaie 1901, yn Meppel. Mar krekt as syn broers
en suster groeide hij op yn Emmen. Hij hie genôch
ûnrêst yn it liif om as jonge feint ôf te setten.
Earst gong hij nei de Hotelschool yn Den Haach. Dêrnei gong hij
te
faren. Dit die hij
ferskate jierren, wylst hij wurke yn it skipsrestaurant. Hij hie in
goede karriêre, begûn as kelner, en ûntwikkele him ta
Chef Hofmeester.
Op ien fan syn reizen mjitte hij syn takomstige frou Frieda, yn
Amsterdam yn de haven. Letter kamen hja elkoar wer tsjin yn
Nederlâns-Ynje, en besletten om harren te ferloven en ferfolgens
te trouen.
Jacob hie it allegear útwurke: earst ferlove, dan noch in pear
reizen meitsje, dan it hotelbedriuw fan syn heit en mem yn Emmen
oernimme,
dy't al wat âlder waarden. Dit wie yn 1932/33. Der waard in nij
hús
njonken it hotel boud, ûntwurpen troch syn broer Klaas. Sjoch: de Kolhoop. It hotel
sels waard modernisearre.
Yn dy tiid ûntwikkele Jacob sympatieën foar de ideeën
fan
in sekere Mussert, pommerant fan de Nederlânske
nationaal-sosjalisten,
de NSB. Der hie in wrâldwide ekonomyske krisis west en der wie
grutte earmoed yn it Easten, yn Dútslân. De
parlemintêre
demokrasy hie hjir gjin oplossing foar, koe de earmoed meikoarten
net oplosse.
Mar doe waard yn Dútslân in man keazen, dy't in protte
problemen
dêr oplosse holp, lykas wurkleazens. Ok, hij wie antisemyt, en
fermoarde en terrorisearre elts dy't doarst te wjerakseljen. Hitler wie
syn
namme.
De NSB woe foarearst net sasear de Dútsers nei Nederlân
helje, as wol in Nederlânske ferzje fan dit sukses
ûntwikkelje. Neidat de
nazis Rotterdam bombardeard hiene, mei in soart deaden ta gefolch,
harren macht ynstallearren en letter alle joaden deportearren waard
deselde NSB
fansels brûkt as in instrumint troch de besetters.
Mar, lykas ús keninginne Beatrix publikelik ferklearre wylst har
besyk oan Israel, de tryste konklúzje moat lutsen wurde dat in
hele
soart minsken yn Nederlân gearwurken mei de nazi's yn
dy tiid.
Echte helden, lykas ús omke Klaas,
wieren feitlik seldsum.
Dus, Jacob waard in wichtich lid fan dizze beweging. Hij wie ek in
prinsipieel man. Doe it iten op de bon kaam, woe hij syn
posysje net brûke om mear poarsjes te krijen foar syn gesin as
wêr't hja rjocht op hiene. Hij leaude gewoan yn de ideeën
fan
de beweging wêr't hij himsels mei ferbûn hie. En stapte der
nea
fanôf.
Hoe hij reagearre doe't syn eigen broer arresteard waard en
deasketten, we sille it noait witte. Ik skat sa mar yn, dat hij it
botte fertrietlik fûn, mar ek fûn dat syn broer stomme
dingen dien hie..
Ik haw der in hiel skoft oer prakkeseard, of't Jacob syn broer
rêden
kind hie.
Myn konklúzje: ûnder de diktatuer dy doe hearske: nee, dat
hie
hij net.
De oarloch eindige op 5 maaie 1945, ien dei ear't Jacob 44 waard.
It sil wol net in noflike jierdei west hawwe.
Al gau dernei waarden hij en syn frou arresteard en fêstset.
Gjin mins bekroade him om de bern. De skande fan dy dagen.
Bern fan kollaborateurs waarden gewoan oan harren lot oerlitten.
Hja fûnen yn earste ynstânsje ûnderdak bij harren
beppe Janna en tante
Frouwkje. Oant dy ek
arresteare waarden. Doe siet it lytse famke Coby op'e doarmatte fan har
beppes hús mei har lytse pjuttebruorke fan oardel jier en koe
nergens hinne. Hja wist net wêr't heit en mem wiene, begriep de
situaasje net, it ienichste dat sij begriep wie dat se straft waard
foar
eat dêr't se gjin part oan hawn hie.
Sa giest net mei bern om. "Sa giet dat no ienris yn de oarloch",
soe in oar sizze, of "tsja, ferfelend". Ik fyn it hertferskuorrend.
Jacob en syn frou sieten in aardich skoft fêst. Se waarden
rûch behannele.
Eufemistysk útdrukt, net wat men ferwachtsje soe yn in
rjochtssteat. Letter, doe it him wat delsetten hie, waard de situaasje
ridliker. A.D.Belinfante is hjir yn syn boek "In plaats van
bijltjesdag" útfoerich op yngongen.
Jacob fielde him lykwols
syn hele libben mis behannele. De inkelde kearen dat ik him mjittte
haw, begûn der altiten te klaaien oer "dingen fan in oar
standpunt
besjen" en oer saken dy fout dien wiene. Ik fûn it doe
ûnplezierich om nei lústerjen te moatten en datselde
gefoel haw ik der noch altiten bij.
Hij en syn gesin pakten de brokstikken letter wer op. It gesin
waard werienige en wenne in hele tiid op in wenboat. Jacob wurke
benammen yn it restaurantwezen, gauris yn syn loopbaan troch syn
ferline achterfolge. Hij wurke yn "Avifauna",
in wol nijsskjirrich fûgelpark, wêr't ek in restaurant bij
wie.
Yn letter
jierren hie hij in hotel yn Den Haach, hotel Hage.
Jacob en Frieda hienen in handikapte dochter, mei in oanberne
harsendefekt, dat har geastlike lykas har lichaamlike fermogens
negatyf beynfloede.
Hij wie in oa sa leave en soarchsume heit foar har, en soarge foar har
sa lang as hij it koe. Hja wie in tige entûsjast breidzjer. Hja
hat foar mij ek ienris in sjaal breidze, dy't ik lang droegen haw. It
wie in leaf famke, hja hiet Hanneke.
It gesin op de wenboat.
Doe it njonkelytsen tiid foar syn pensjoen waard, woe Jacob him mei de
frou festigje yn Fryslân, yn Warns.
Syn broer Joop hie meiwurke oan
it kreeren fan in fersoargingssintrum foar âlderein en dêr
woene hja
har hinne sette te wenjen. It hyt de Janke Tromp hoeve.
Spitigernôch, Frieda ferstoar
ear't harren hús klear wie.
Hij gong der allinnich wenjen. Om't hij wol wat op syn jongere broer
like,
seagen minsken him wol oan foar Joop, dy't mear as 15 jier in
publyk
figuer west wie yn Warns.
Hij troude op 'e nij mei in frou en libbe in jier of wat tegearre mei
har yn Warns.
Jacob(links) mei syn broer bij it krekt boude
fersoargingssintrum foar âlderein yn
Warns.
Jacob ferstoar yn1991, yn Warns,
in pear hûndert
fan it plak dêr't ik berne wie yn 1959. Hij is begroeven op it
tsjerkhôf fan Murns, in gehucht oan 'e Yselmar,
njonken syn earste frou.
Harren handikapte famke, dy't ferstoar yn 1995, leit der
ek, lykas syn twadde frou.
Werom nei it hotel
Nei it famyljeportret