Frouwkje
Hja
wie it ienige famke, mei 3 bruorren foar en 2 nei har Sil wol apart
weest wêze, opgroeie yn sa'n manljushúshâlding.
Lykwols
tink ik dat feitliks mem Janna
it measte gesach hie yn en om it hotel.
Har artistike talinten wiene al op hele jonge leeftiid dúdlik.
Wêr't Klaas goed yn
tekenjen en
ûntwerpen wie, wie har grutte leafde: de muzyk. Hja spile piano
en oargel, en net min.
Hja hie in gelokkige bernetiid, beskermd en leafd troch al har broers.
Hjir sjochst in foto fan har as jongfaam. Sa as't sjen
kinst, wie hja bêst kreas, dus der sil grif wolris in jongen wat
yn har sjoen hawwe.
Mar Frouwkje is noait troud.
De muzyk wie har grutte leafde.
Omtrint de tiid dat boppesteande foto naam waard,
begûn hja it oargel te bespyljen bij de tsjinst yn de Herfoarmde
Tsjerke yn Emmen. Dit hat se mear as 40 jier dien. Oanfankelik wie der
gjin elektryske luchtpomp bij it oargel, dus soms moast lytse bruorke Joop
de fuotpedalen fan it oargel betsjinje sadat it wurke.
Letter waard hja
pianolearares. Se joech lessen tús yn de Kolhoop.
Ek waard se learares op de middelbere skoalle yn Coevorden.
Ik tink dat se frijwat string wêze koe as learares, lykas har mem
tús. En krekt as har bruorren Hennie
en Joop, dy't beiden yn de
rin fan harren libbens ek it learaarskip beöefenen.
Hja hâlde fan al har broers en
dat bleau har libben lang sa.
Dat liket no sa foar de hân lizzend, mar yn de turbulinte
polityke
situaasje fan de 30-er en 40-er jierren rûn dit út op in
grutte
trageedzje.
Klaas gong bij it ferset, Jacob bij de Nationaal
Socialistische
Beweging, Hennie wie fier fuort
yn East-Ynje, Bert skreau him yn
bij de Waffen SS, Joop
kollaborearre
ek nei syn weromkommen út Switserlân. Frouwkje bleau bij
har heit
en mem en soarge foar harren, soarge ek foar har heit doe't dy slim
siik
waard en ferstoar yn 1943. Mei de gefoelige natuer dy't se hie, wei hja
ek nochris heldersjend. Doe Klaas
eksekuteard wie, wist sij it al eart in oarenien har dat ferteld hie.
Wêr't sij stie yn dit alles? Ik haw gjin flau idee. Neffens myn
susters, makke hja selden of noait ienige opmerking dy't ynterpreteard
wurde koe as sympatisearrend mei it Nationaal Sosjalisme.
Lykwols waard hja arresteare nei de oarloch, har hier waard
ôfskeard troch 'nei-oarlochske helden'. Dat wie doe
gebrûklik mei
froulju dy't 'moffenhoer' west hiene, dus seksuele relaasjes hawn hiene
mei Dútse besetters.
Moast witte, Frouwkje hat dit ierdske libben as maagd ferlitten. It wie
absurd, ûnrjochtfeardich en ûnferjaanber. Earme tante
Frouwkje.
Har mem en sij waarden meikoarten al wer frijlitten. En sa as ik it
begriep, hâlden de measte minsken yn Emmen gjin grieven tsjin
harren.
Doe't de saken wat betijd wiene yn de 50-er jierren hie
hja in sinfol bestean mei har mem yn de Kolhoop.
Frouwkje waard de leave 'sûkermuoike' foar de bern fan har
broers.
De bern fan Jacob ferbleaune der
allegear fakeris, lykas Hennie's
dochter. En hja hie in goede ferhâlding mei Joop's
trije dochters. De âldste dochter fan Jacob hat sels noch in
stikmannich jierren yn de Kolhoop wenne en har eineksamen oan de
middelbere skoalle yn Emmen dien.
Ik wyt yn elts gefal dat myn jongste suske Sietske ien kear mei
myn muoike nei Sardynje west hat.
Frouwkje reizge sawisa in protte, troch hiel Europa. Hja hie har
eigen ynkommen, gjin gesin om te ûnderhâlden, dus tiid en
sinten genôch om dat te dwaan.
Hja hâlde har hele libben kontakt mei har broer Bert
dy't yn selskeazen ferbanning libbe. Se troffen mekoar tenminsten ien
kear yn it jier, meastentiids krekt oer de grins bij Meppen yn
Dútslân. As't oaren har fregen wer har broer Bert dochs
wie, wie alles wat se sei: "Hij is earne feilich". Ek hjir jilde foar
har, ûnofhinklik fan wat hij al of net dien hie, se hâlde
fan him. Ek syn soans koene har as in aardige leafhawwende tante, wylst
hja net wisten dat sij ek echt in - biologyske - tante fan harren
wie.
Mem ferstoar yn 1964, Frouwkje bleau allinnich achter yn de Kolhoop. Se gong troch mei lesjaan, mar
fielde har út en troch wol iensum. Fansels, de bern fan har
broers groeiden op, en ûntwikkelen har eigen - somtiden rebelske
-
opfettings yn de opstannige sechstiger jierren. Dus hiene hja minder
mienskiplik mei harren âlde muoike. Sa wie de tiidgeast.
Hja kroech artrytis, in ramp foar har, omt dúdlik waard dat hja
yn de
takomst net mear yn steat wêze soe har leafde ynstrumint de piano
te bespyljen.
Nochris, earme Frouwkje.
Hja waard depresyf, fielde harsels ûnrjochtfeardich behannele
troch sommige minsken. En nei alle tinken ek troch it libben sels.
Úteinliks waarden iensumens en de lichaamlike
achterútgong
te folle om te dragen foar har.
Frouwkje naam harsels it libben, troch in oerdoasis te nimmen fan de
ferskate medisinen dy har foarskreaun wiene.
Dit wie oars net wat men mij doedestiids fertelde. Dat wie it mearke,
dat hja ferstoarn wie oan de doe wrâldwiid hearskjende Hong
Kong griep.
Hja hie in soart leafde te jaan, oan har âlden, har bruorren, har
muoikesizzers. En leafde foar de muzyk.
Yn de moarn fan de 8e jannewaris 1970 waard hja dea fûn yn har
eigen bêd yn
Emmen.
Hennie, Jacob en Joop wiene sa gau as mooglik te plak.
Hennie fernaam fan de dokter wat der echt bard wie. De
jonges rouwen.
Har stoffelike rêsten waarden in pear dagen letter kremeare yn it
krematoarium yn de stêd Grins. De Kolhoop
waard ferkocht. En dus, fan doe oan, hat gjin inkelde Postma
út dizze famylje ea wer yn Emmen wenne.
Werom nei it hotel
Nei it famyljeportret