Bert
Bertsje mei syn hele famylje
Bert as skoaljonkje
Albert Postma, sa as hij fol út hiet, wie de echte Benjamin fan
it
gesin, berne op 2 febrewaris 1922. Dit hâld yn dat hij 21 jier
jonger wie as syn âldste broer Jacob
en sels noch 12 jier ferskilde mei syn jongste broer Joop.
It feit dat syn twa âldste broers op see wieren makket de foto
hjir rjochts tige bysûnder. Hij is makke op de ienige gelegenheid
dat alle bern Postma tagelyk tús wieren. Dit hat mar in heale
dei
duorre.
Hoewol miskien net pland(men die noch net sa oan gesinsplanning in dy
dagen :-)), leau ik dochs dat hij wolkom wie yn de jierren nei de
earste wrâldoarloch, doe de saken ekonomysk wat better
avensearren.
Hij wie in yntelligint bern, in bytsje wyld en ûnrêstich.
Yn 1933
ferhuze hij mei syn heit en mem nei it hús de Kolhoop,
deun njonken it hotel dat no troch syn broer Jacob en syn frou rund
waarden. Nei de legere skoalle gong hij nei deselde middelbere skoalle
dy't syn broer ek besocht hie yn Ter Apel, de
H.B.S.
Hjir hie hij in drege tiid. Om't syn âldste broer Jacob sa dúdlik sympatisearre
mei nasjonaal-sosjalistyske ideeën, en syn skoalmaten dit fansels
wisten, reagearre men him ôf op him.
Bern kinne spikerhurd wêze tsjinelkoar.
Úteindelik koe hij der net mear tsjin, en gong fan skoalle.
Ûnder
ynfloed fan syn âldere broer, joech hij himsels op foar de Waffen
SS.
Hie er al tocht dat dat de saken ienfâldiger foar him meitsje
soe, dan kaam hij bedroegen út. De dissipline, de training en de
mentaliteit wieren hurd. Hij fûn it sa swier, dat hij in kear
útnaaide, werom nei Emmen. Spitigernôch, syn eigen mem
stjoerde
him werom nei de kazerne. Sa as wij no witte, werom nei de hel op
ierde yn letter jierren.
Op dizze foto links sjogge jo Bert, tús op ferlof.
Fan links nei rjochts: Joop, Jacob(yn it unifoarm fan de NSB, de
Nationaal-Socialistische Beweging), mem Janna,
Bert yn syn unifoarm, Frouwkje
en heit Sjouke.
De
tekens op syn unifoarm jouwe oan, dat hij op dat stuit de rang fan
SS Sturmmann hie, dat is fergelykber mei de rang fan korporaal.
Dizze foto is makke op 20 maart 1943. Spitigernôch,
ferstoar
Sjouke mar in pear wiken letter, op 4 maaie 1943. Ik fyn dat Sjouke der
fertrietlik útsjocht op de foto, en dat sil grif wol sa west
hawwe, om't
hij it mei de pro-dútse kar fan inkelde fan syn soans perfoarst
net iens
wie.
As ik hjir sa nei Bert sjoch, is myn ienige gedachte: "Do sjochst der
sa selsfersekerd út en oertsjûge fan dyn gelyk. De
skiednis hat
dyn ûngelyk sa oerdúdlik fêststeld."
Bert gong te fjochtsjen oan it East front mei de Waffen-SS brigade
"Viking", yn Ruslân en de Oekraïne. It wie foar mij in
ûnmooglike opjefte út te finen wêr hij west hat en
wat hij
útheeft hat. Ik bin der wis fan, dat yn dy omstannichheden gjin
minske
ûnskuldich bliuwe koe. Bij myn witten, hat "Viking" net
partisipearre yn de
Holocaust bij gelyks as bewakers yn konsintraasjekampen, mar
sûnder twifel hawwe hja de pleatslike befolking terroriseare. Hij
wie
ûngefear 2 jier lang yn aktive tsjinst, rekke slim ferwûne
en
kaam út de oarloch mei in liif fol granaatskerven en in
traumatisearre
geast. Hjir is in link oer de 'Viking'-brigade: SS Division
Wiking yn it Ingels. En ien oer Nederlanners
yn de Waffen SS.
Hij hat him nea distansjearre fan de Waffen SS en wêr't sij foar
stie, en hâlde kontakt mei oare kameraden yn de rêst fan
syn libben.
Nei't Nazi's ferlerne hiene, waard hij kriichsfinzene yn Eastenryk
bij de Amerikanen.
Doe't hij hearde dat syn mem tús arresteard wie, flechte hij
dêrwei en
slagge deryn Nederlân te berikken. Hij joech himsels oan bij de
Nederlânske autoriteiten en kaam yn itselde kamp te loanne as syn
mem, it eartiidske 'Durchgangslager' Westerbork, no yn gebrûk
troch de Nederlanners foar kollaborateurs en oarlochsmisdiedigers.
Praktyske minsken, dy Nederlanners. Gebrûkten in eartiidsk
konsintraasjekamp foar harren eigen doelen.
Mem kaam frij snel frij troch de help fan Hennie. Bert slagge deryn ek
dêrwei wer te ûntsnappen, om ferfolgens nea mear werom te
kommen
yn Nederlân ûnder de namme Bert Postma. Hij gong de
grins oer nei
Dutslân, in lân yn stikken en totaal ferrinneweard.
Mei help fan Menisten
en fan syn broer Joop(dy't ek ferskate jierren libbe ûnder in
falske identiteit) kroech hij de papieren fan in earme
soademiter
dy't as soldaat stoarn wie oan it eastfront, fjochtsjend foar in
sinleaze saak.
Hij joech himsels út foar ien fan de miljoenen
"Heimatvertriebenen", as
"minsken út harren túslân ferdreaun", soe men dit
oersette
kinne, en kaam te loanne yn ien fan de flechtlingkampen. It ferhaal
fan
dizze minsken is bysûnder tryst. Hja wieren it slachtoffer fan
wat hjoededei etnysk himmeljen hyt, sa as bij gelyks yn Bosnie. Doe
Dutslân, túsbasis fan in groulik regime sûnder
presedint,
de Twadde Wrâldoarloch ferlern hie, waard de steatkundige kaart
fan
Europa werferdield en yn it Easten waarden miljoenen etnyske
Dútsers út
harren huzen ferjage, en ferdreaun út de gebieden dêr't se
hikke en
tein wiene. Ek dit wie bar slim, of yn Amerikaansk Ingels: "shit
happens".
Hij ferbleau yn flechtlingenkampen, wêr't hij besocht it libben
wer op te
pakken. En dat slagge him aardich. Hij wurke op in pleats yn de buert,
kroech in goede referinsje en mjitte syn takomstige frou yn it
flechtlingenkamp. Sij wie ek flechtling, mar wêr mei in oar
ferhaal: Al
ear't Hitler de oarloch ferlern hie, hie hij tegearre mei Stalin de
Europeeske koeke ferdield. Sij siet op it ferkearde part fan de koeke,
yn de buert fan Lvov(yn it Poalsk), Lviv(yn it Oekraïns)
of Lemberg(yn it Dúts). De trije nammen fan dizze stêd
jouwe al
wat oan wat der yn de rin fan iennige ieuwen bard wie mei dit part
fan de wrâld. It waard Lviv, dus waarden sij en har hele famylje
derútskopt.
Hja boasken, hij ûnder syn nije identiteit, hij dus onder
syn andere identiteit. Hij wurke yn it transport.
In pear jier nei de oarloch kaam harren earste soan te wrâld,
Klaus. Dizze
namme
wie gjin tafal.
Lykwols hij it yn polityk mêd folstrekt ûniens mei him west
hie, joech hij him de Dútse ferzje fan de namme fan syn eigen
broer Klaas, dy't as fersetsheld stoarn wie
yn WO II.
Bert die it aardich yn syn wurk.
Yn it ramt hiermei ferhuzen hja meardere kearen yn Dutslân.
De simmerfakânsjes waarden meastentiids trochbrocht yn
East-Fryslân, wat begrypliker wurd as men jin realisearet dat dit
part fan Dutslân it meast fergelyber is mei
Noard-Nederlân(wêr hij opgroeide), yn lânskip lykas
yn
mentaliteit fan de minsken. Op it paad derhinne, moete hij in de regel
syn suster Frouwkje
en syn mem Janna yn Meppen,
krekt oer de Nederlâns-Dútse grins, deun bij Emmen
wêr't dizze twa
wennen.
Hjir is in foto fan
Bert mei syn mem.
Naam earne yn de buert fan Meppen(D), dus bij de grins.
Feitliks gong hij ek meardere kearen nei Nederlân, mar noait nei
Emmen, omt hij dêr nei alle reken herkend wurde koe troch minsken
dy't
him fan froeger koene.
Ik haw wol inkelde - ûnfestige - geruchten heard dat syn ferbliuw
yn Nederlân net altiten ûnopmurken bleaun is troch legere
autoriteiten. Mar hij wie in 'lytse fisk', dus waard der neat
ûndernaam om him op te pakken. It hie gjin inkelde prioriteit. De
misdieden dy't hij al - of net - begean hawwe soe as lid fan de Waffen
SS, hiene búten it terrein fan harren foech pleatsfûn.
Moast
betinke, it wie út en tenei Kâlde Oarloch en de hiele
Sovjet-Unje
wie ûntagonklik gebied foar minsken út it westen.
Wat Bert syn bern fertelde:
Syn hele famylje út Prúsen wie dea rekke wylst de
oarloch, mar as bern
hie hij ek in skoft yn Nederlân wenne(Dat lêste wie
wier.......)
Dus wiene dizze twa froulju, Janna en
Frouwkje, lid fan in
befreone famylje út Nederlân. De bern namen it ferhaal
oan(Werom
net fansels?) en neamden har tante Frouwkje en kleine Oma. Sûnder
aan dat dit letterlik kloppe.
Dat wie alles dat hja wisten wylst harren bernetiid, en as jongfeinten.
Bert die yn alle opsichten syn bêst in leafhawwende heit en
echtgenoat te wêzen.
Hij 'fergeat' syn froegere identiteit. Syn frou wist it wol
fansels, mar dy hâlde fan him. Syn skoanheit en -mem wisten it
wierskynlik. Âld-kameraden fan de Viking-brigade sochten him op,
fansels wisten dy it.
Mar foar de rêst fan de wrâld wie hij in Meniste jongen,
berne yn East-Prúsen.
Yn 1982, Bert wie al mei ferfroege pensjoen, sloech it needlot ta:
Syn âldste soan Klaus, eagenskynlik in goede sûnens, stoar
tige
plotseling. Hij hie, sûnder it te witten, in swakke plak yn syn
ieren, in aneurysma. It bloedfet skoart iepen en jo bloede fan binnen
dea.
Dy jûn stoarte Bert hielendal yn. Gûlend fertelde hij syn
oerbleaune soan die wierheit oer syn echte identiteit. Mar ek
doe, wie hij der tige beheind oer.
De jonge man is ferstoarn sûnder te witten dat hij
feitliks
ferneamd wie nei de broer fan syn heit, Klaas
Postma. En dus ek sûnder t'er de wiere identiteit fan syn
heit koe.
Bert waard net âld. Twa jierren nei it ferstjerren fan syn soan
ferstoar er sels, yn it sikenhus. Offisjele leeftiid:
61 jaar. Wiere leeftiid: 62.
Deadsoarsaak: kanker, mei letter utsaaiïngs nei de harsens.
Hij wie in ekstraverte man, dy hâlde fan it selskip fan oaren,
hâlde fan de oandacht. Hij wie in dominante en stringe heit. Mar
syn noch libjende soan beklamme, dat hij selden of noait syn
taflecht naam ta fysyk geweld doe sij lyts wienen. Djip yn syn hert hat
er nea ôfstân naam fan de ideology dy't men him bijbrocht
hie. Mei de motivaasje dat dan alles wêr't se foar fjochten hiene
om 'e
nocht west wie. Dit ymplisearret dan wer dat syn âldere broer
foar in ferkearde saak stoarn wie. En dochs hie hij syn âldste
soan nei him ferneamd. Hoe dit yn de man syn holle wurke hat, foar my
in riedsel.......
Hij dronk en eat syn hele libben te folle. En waard dus in typyske
'dikke Dútser', it klisjee wer Nederlanners bijtiden grappen oer
meitsje.
En miskien wie dat ek wol wat er woe, libje ûnder in perfekte
dekmantel.
Syn bern hiene tidens de hele tiid fan harren jonge jierren tús
wol
ideologyske diskusjes mei him, se wienen it perfoarst ûniens mei
him in in protte opsichten. Harren mem wist it lykwicht tús, de
leave
frede, te bewarjen.
Bert waard begroeven. Der wie in grêf mei in stien. It feitliks
ienige krekte op'e stien wie syn stjêrdatum.
Nei 20 jier, de standert termyn op dit tsjerkhôf, is it
fuorthelle.
Ta stof fergongen.
Dat wie Bert, dy't in stomme beslissing naam as jonge man, de oarloch
oerlibbe, mar mei de konsekwinsjes de rêst fan syn libben te
krijen hie.
Werom nei it hotel
Nei het famyljeportret