Hennie
De kleur smaragd op dizze pagina is gjin tafal. It
symbolisearret Hennie's leafde foar de "Gordel fan Smaragd", Nederlâns-Ynje.
Hennie hâlde fan it libben dêr, mear as fan it nearzige en
wiete klimaat yn syn thúslân Nederlân.
Sels nei de ferskriklike tiid wylst de Japanske besetting en it
weromkommen yn Nederlân, woene hja dochs wer werom.
Aardich snel nei de twadde wrâldoarloch gongen hja dus wer nei
Ynje, dat doe noch part wie fan it Keninkryk der Nederlannen.
Mar ja, oan it kolonialisme kaam in ein, en de Nederlanners hawwe
harren gesach nea wer werom witten te krijen.
De Yndonesyske
ûnofhinklikheid waard op 17 augustus 194 útroppen, twa
dagen
nei't de Japanners har oerjoegen(tank sij de atoombom), mar de
Nederlanners lutsen har earst echt werom yn 1949.
Dit betsjutte it definitive werom fan Hennie, syn frou en harren soan
Jan nei it kâlde kikkerlantsje bij de Noardsee. Dochter
Christa(17)wie der al earder bleaun nei WO II. It beslút
om de
Yndonesië ûnofhinklikheid per 1945(en net per 1949) te
erkennen waard earst naam troch de Nederlânske regearing yn 2005.
Hja bouden in nij bestean op yn Mijdrecht, yn de buert fan
Rotterdam.
Werom nei syn bernetiid.
Hendrik Jan, sa as hij folút hiet, waard berne as it twadde
(libbene) bern fan Sjouke
en Janna, yn Meppel yn 1903,
wer 't
syn mem en syn heit in hotel, kafee en restaurant runden. Bij syn
geboarte wienen der in protte soldaten yn Meppel, omreden fan slimme konflikten
mei spoararbeiders. Hja bouden in feestje bij syn op 'e
wrâld kommen.
Dus, in hertlik wolkom. Hij ferbleau der mar in koarte tiid, want hja
ferhuzen nei Emmen
doe't hij omtrint 2 jier âld wie. Dêr groeide hij op, lykas
de oaren. Hij hat himsels syn libben lang beskôge as Drint, yn
tsjinstelling ta syn heit Sjouke, dy út Fryslân wei wie.
Hij
hie in hertlike ferhâlding ta syn heit krekt as ta syn mem.
Hennie wie ridlik technysk, yntelligint ek, mar mear in dogger as
bijgelyks syn lytste bruorke Joop
de yntellektueel. Hij gong nei de
technyske skoalle yn
Emmen, krekt as syn jongere broer Klaas.
Hij learde foar smid.
Klaas en hij hiene kunde mei de pleatslike fytsenhannel yn Emmen,
hja kroegen âlde ûnderdielen der 't hja har eigen fyts mei
bouden. As't se besochten hoe fier of 't se komme koene, foel er
meastentiids útelkoar eart se it ein fan de strjitte berikt
hiene. Grutte wille fansels.
Krekt as syn broer, gong hij troch mei learen nei de middelbere
skoalle.
Hij gong in tal jierren nei see, en kombineare sa it wurkjen en
studzje.
Dit makke dat hij 'oer de skutting' fan Emmen seach, en soarge derfoar
dat hij yn letter jierren ôfsette nei Nederlâns-Ynje, doe
in
lân fol mooglikheden foar Nederlanners.
Hij hie ferskate wurkplakken as learaar yn de technyske fakken op
ferskate eilannen fan it archipel. Intelligent as't er wie, learde hij
himsels meardere fan de pleatslike talen, lykas Maleis en
Soendanees. Harren dochter Christa waard berne op East-Java. Koart
dêrnei hienen se pech: Hennie kroech Tuberkuloaze, krekt as syn
broer Joop letter ek kroech. Foar
behandeling gongen hja nei Nederlân, wêr't harren
soan Jan berne waard. Gelokkich kaam it wer hielendal goed mei Hennie
gongen hja werom nei Ynje.
It libben wie der goed, fansels moast der hurd wurke wurden, mar der
wiene kânsen genôch en hja hiene help yn en om it
hús. Syn
frou Stien(bertenamme Christina) wie geastlik net sa sterk, mar hja koe
har yn de omstannichheden fan die tiid goed hânhave.
Doe kaam de katastrofe. Earst, yn 1940, doe't de nazis harren
túslân binnenfoelen, gebeurde der net in soart yn
Nederlâns-Ynje. De Japanners papten oan mei de Dútsers,
mar de oanfal op Pearl Harbour soe noch in jier duorje. Hja hiene noch
kontakt mei de famylje yn Nederlân, mar der wie net in soart dat
hja foar harren dwaan koene.
Yn 1942 kamen de Jappen. It wie ofgryslik. Se begoenen stadich, mar
stap foar stap namen de Japanske besetters de Nederlanners alle
rjochten en besittingen en setten har allegeare yn kampen.Christa en
har
mem gongen nei
Tjihapit, yn Bandoeng. Jan, 11 jier âld, gong nei in jonkjeskamp
earne oars op it eilân Java.
En heit Hennie moast wurkje oan de deadenspoordyk bij
Pakan Baroe, op it eilân Sumatra. It wie like slim as de
Birma-spoardyk, allinich folle minder bekend.
De Japanners wurken it ûnsalige plan fan in spoar oer it
eilân út, benammen foar guod, dwers troch de jungle.
Ûnder
Nederlâns bestjoer hiene Nederlânse yngenieurs de konkluzje
lutsen dat dit tefolle libbens kostje soe. Dat koe de Japanners net in
sprút
skele. Minsken wiene ferfangber yn harren fysje.
Dus stoaren rûchwei 80.000 romusha's(Yndonesyske slavenarbeiders)
en 8.000 westerlingen(dit
wieren
Nederlanners, Britten en Austraaljers) troch te min iten en tropyske
syktes.
Ien op'e tsien oerlibbe, derûnder Hennie. De hele spoorline is yn
syn hele bestean mar ien kear brûkt, om de befrijde gefangenen
werom nei de haven te bringen. Dernei is de jungle der wer
oerhinne groeid, krekt as yn Birma. Hjoed de dei is der amper wat
fan werom te finen. En hast gjin minske hat iennige kunde oer de
trageedzje dy't him dêr ofspile hat. Núver mar wier.
In Signapore waarden de fjouwer werienige yn 1945.
Se faarden nei Nederlân, kamen oan yn Rotterdam, en fernamen dat:
- Heit Sjouke ferstoarn wie yn
1943
- Broer Klaas deamakke wie troch
de Dútse bezetters yn 1944
- Bert as ûntsnapte
kriigsgefangene
op'e flecht wie
- Joop frij wie, mar dat syn
feroardieling foar kollaboraasje deroan kaam
- Alle oaren opsletten wiene yn kamp Westerbork foar kollaboraasje.
Wat in túskomst.
Hennie gong fuortendaliks nei Westerbork om syn mem frij te krijen,
en - oh wûnder - dat slagge him. Mar, mei sa'n soatsje as
famylje, wie alles wat hij feiteliks woe sa gau mogelik werom nei Ynje
gean en syn posysje en goede libben dêr wer op te pakken.
Dus fertrokken Stien, Jan en hij wer. Dochter Christa woe yn
Nederlân bliuwe en die de kweekskoalle yn Dordrecht. Se hat nea
wer weromwest yn it lân dat nou Yndoneesje hyt. Hja wenne op
ferskate plakken, derûnder ek de wenarke fan omke Joop.
Om't hja net yn de gelegenheid wie om nei skoalle te gean yn it
Jappenkamp, holp die har mei bijspikerjen mei de learstof. Oant Joop
útnaaide en de plysje him kaam te sykjen. Hennie wie poer, dwers
troch alles hinne, omt syn dochter sa lijd hie yn it jappenkamp, en no
te krijen kroech mei sykaksjes en ûnderfregingen fan de plysje yn
Nederlân.
"Ik brek Joop de poaten", skynt er lulk sein te hawwen. Jierren letter
wie it kontakt mei Joop
ridlik.
Mar mei Bert, dy't ûnder in
oare namme yn Dútslân wenne hat hij nea mear sprutsen......
"Indonesia Merdeka", "Yndonesië frij", wie de slogan fan de
frijheidsstriders. En Merdeka waard Yndonesië. Fan 1949 oant en
mei
1963
kamen omtrint de 300.000 minsken nei Nederlân. Botwei
derút skopt,
of troch eigen kar, omt hja net yn in ûnôfhinklik
Yndonesië
libje woene.
Hennie en syn frou kamen ek. Hja
hiene gjin kar,
waarden der gewoan útset.
Yn Mijdrecht kroech hij in oanstelling as learaar. Yn dizze
neioarlochske
jierren holp hij in technyske skoalle op te rjochtsjen. Hennie wie in
talenteard man mei liederskipskwaliteiten, dus waard hij letter
direkteur. It wie de
Maarten
van de Vaertschool.
Mij is ferteld dat er goed wie. Goed foar syn learlingen. Wol string,
mar dat wie de manier dy't hij fan syn
mem meikrigen hie.
Derneist hie hij de soarch foar syn frou Stien, dy't noait hielendal
mentaal herstelde fan it jappenkamp.
De ferhâlding fan Hennie syn bruorren en suster tsjinoer wie wat
ôfstandelik. Logys, as't men betinkt hoe ferskillend de
erfaringen
weest wiene. Christa hie op de wenboat bij Joop sitten, oant dy
útnaaide.
Hij hie kontakt mei Frouwkje
en syn mem. Mei Jacob soms, se
wennen net fier bij elkoar út de buert. It ferlies fan har mem
yn 1964 wie fertrietlik. Mar it grutste drama wie fansels de
tragyske dea fan Frouwkje.
Om't oer Bert's ferfarren formeel neat bekend wie, en
Klaas al in hiel skoft dea, hannelen de trije oerbleaune broers it
testamint of. Hennie bemoeide him benammen mei de juridyske kant, Jacob
en Joop regelen de ferkeap fan de Kolhoop.
De widdo fan Klaas hie ek rjocht op in part. Hennie gong derhinne om it
mei har te besprekken. Hja wegere him resolut ta de doar yn, wat
begryplik is, mar net terjochte tsjinoer dizze man. Die
hele klote oarloch wie ek net syn idee en
hij wie lykas sij in slachtoffer, tekend foar it libben. Ik kin mij
heel goed begripe dat se
myn heit net sjen woe, of omke Jacob, of omke Bert. Hja hiene allegear
har rol spile yn de Dútse besetting. Mar dit jilde net foar
Hennie. Absolut net.
Hennie hat de leeftiid fan 85 jaar helle, en fersoarge syn geastlik
sike frou oant hij it net mear oankoe. Se gong nei in ynstelling yn Den
Haach, en hij libbe de lêste jierren fan syn libben allinnich.
Ik leau dat hij in goed, likernôch net hielendal rimpelleas
kontakt hie mei syn soan en dochter. Hij wie in leave pake, fertelde
ien fan syn pakesizzers mij.
Op 10 jannewaris 1990 ferstoar Hendrik Jan Postma yn Voorhout bij Den
Haach. De kears wie opbaarnd. Hij hie in fruchtber libben. Hij wie
de fjirde fan de 6 bern Postma dy't ferstoar, de twadde troch in
natuerlike oarsaak. Klaas wie
deasketten , en Frouwkje
die it harsels oan. Bert wie
ferstoarn yn 1984 , mar Hennie hie elts kontakt mei him wegere, wist
nei alle reken net wêr't hij libbe.
Syn stoflike rêsten waarden kremeard op sneon 13 jannewaris yn
"Nieuw
Eykenduynen" yn Den Haach.
Hjir is in
foto fan him mei syn twa noch libjende broers
Jacob en
Joop, en ien fan him mei Joop tegearre.
Fan links nei rjochts: Hennie(sittend), Jacob, Joop
Sels as âlde manlju hiene se ornaris ûnienichheid oer it
ferline.
Werom nei it hotel
Nei it famyljeportret