Janna


Janna

It libben wie dreech yn de tiid wêr't Janna yn berne waard yn 1880. Har heit en mem wiene lytse boeren yn it suden fan Drinte.
Se wie it tredde bern yn yn rige fan 6, fan Albert Jans en en Hendrikje Pouwels.

Jan, berne yn 1976(jonkje)
Lukas, berne yn 1978(jonkje)
Janna, berne yn 1880(famke)
Jentje, berne 1882(famke)
Gerhardus, berne yn 1886(jonkje)
Jan Meeuwes, berne yn 1889(jonkje)

Se hienen gjin honger, mar wieren wol earm.Ruinerwold
Dus waard Janna der op in bepaald momint út wurken stjoerd nei in húshâlding yn Haarlem, oardel dei reizgjen. Dat wie doe wol gebrûk in wat minder rike famyljes.
Nei in stikmannich jierren kaam hja werom, en fûn wurk yn it deunbije Meppel. En dêr mjitte hja de leafde fan har libben: de yntelliginte, sjarmante Fryske feint, syn namme wie Sjouke.
Hja trouden, en runden tegearre in kafee yn Meppel.

Der kamen bern, twa spitigernôch libbenleas bij berte. Yn 1901 kaam Jacob te wrâld, yn 1903 Hennie, yn 1904 Klaas. En wylst alle kearen dat hja swier wie wurke hja. En wurke. En wurke. Sa as se altiten die.
Sjouke en sij gongen yn Stienwyk te wenjen, en ferhuzen letter wer werom nei Meppel.

Bij har heit en mem tús gebeurde noch wat slim fertrietliks, wylst sij en Sjouke al tegearre wieren. Ien fan har broers hie mentale problemen en naam himsels it libben.
It wie dreech foar mij om út te finen wa dat west hat, mar it nei alle gedachten hat it Lukas west, want ik fûn op Genlias dat dy ferstoarn is op de noch jonge leeftiid fan 26.
Har broer Gerhardus gong ek de hotelbusiness yn. Hij iepene in hotel yn Riis, yn Fryslân, Hotel Jans. Jacob hat der noch wurke yn de fyftiger jierren. It bestiet noch hieltiten.

In Emmen waard in keppel socht om it hotel fan in wisse Meijer te runnen. Hja gongen, en bleaune definityf yn Emmen. Wer´t  hja ek harren eigen bedriuw opstarten yn 1909.
En Janna wurke, en kroech ek trije bern derbij yn Emmen. Frouwkje yn 1906, Joop yn 1910, en sels 12 jier letter Bert.
Hja wie oe sa hurd foar harsels, joech harsels min rêst foar de bern, mar wrotte troch. De polityke ûntjouwings yn de1930er jierren ynteressearren har net sa bot,, hja begriep it measte der ek net fan. Janna wie net sa'n trochtinker.

En dus, doe de tiden feroaren, kaam hja net yn ferset tsjin it nazisme. Hja stjoerde sels har jongste, Bert, werom nei de Waffen SS-oplieding doe't hij der fuortrûn wie omt hij net mear tsjin de kadaverdisypline dêr koe.
In hiel skoft derfoar, wie har oare jongen Joop fan skoalle fuortstjoerd  en kaam nei hús. Hja wegere him sljochthinne de tagong, sei ynstee: "Do giest mar werom nei skoalle en freegje mar om de stringste straf dy't men ree is dij te jaan". Joop  hie gjin oare kar dan hjir gefolch oan te jaan.......

Minsken respektearren har, sa'n lyts fromminske as't se wie. Der wie ris in reboelje op strjitte yn Emmen, en in dronken keardel stuts in oarenien mei in mes.In hele groep dronken manlju stie der omhinne, dy't elkenien dy de man helpe woe mei opsetsin tsjinhâlden. Hij moast mar deabliede. Hja stapte der tusken en rêde de man syn libben. Heldhaftich.

Har man ferstoar yn 1943, hja bleau yn de Kolhoop tegearre mei Frouwkje. Hja fersette har net tsjin har soans polityke fyzjes en dieden. En joech foarsafier ik wyt gjin inkel teken fan stipe oan dyjinniche dy't him fersette tsjin de nazi's, Klaas. Wat der krekt barde sille we net mear fernimme, mar doe't Klaas in kear delkaam om harren op te sykjen, wieren mem en dochter net tús om him te moetsjen.
Foar safier ik wyt, die Janna gjin poging him op te sykjen doe't hij fêstsiet. Mar sil wol slim roud hawwe bij syn dea. Grif mei de gedachte dat hij in ferkeard beslút naam hie.

Maaie 1945: Frijheid yn Nederlân, mar net foar Janna en har dochter Frouwkje. Hja waarden arresteard, en ôffierd nei it eartydske konsintraasjekamp Westerbork,doe yn gebrûk om fan kollaboraasje beskuldige minsken fêst te hâlden. Soan Hennie, sels slachtoffer west yn it jappenkamp yn Nederlâns-Ynje, befrijde harren.

Janna bleau hast har hele libben warber. Hja runde in lytse tabakswinkel oant 1962, doe't se al  82 jier âld wie. Hja ferstoar yn 1964. 
Altiten yn de wear mei guon dingen. Net sa op bewust fan it goed of't fout fan bepaalde polityke fysjes.

Grave Janna

Op har grêf stiet de tekst: "Haar leven was enkel dienen". En dat is wat hja die. Strikt de regels folgjend dy't hja ek oan oaren oplei.




Werom nei it hotel
Nei it famyljeportret