De beam dy't allegear oerlibbe



Peacetree Yn in lyts hoekje fan de Stationstraat yn Emmen, achter in appartemintenkompleks en in shoarmatinte, njonken Hotel Grimme, stiet in moaie kastanjebeam. As't it net wytst, rinst men der sa bij del, ûnderweis nei it winkelgebied fan Emmen.

Ûnderoan de beam stiet in boerd, wêr't op stiet:

"Vredesboom

Ter herinnering aan het einde van de eerste wereldoorlog op 11 november 1918.
Geplant door een zevenjarige jongen, die hier een kastanje in de grond stopte"


Die jongen wie ús heit,  Joop Postma.

Europa wie yn oarloch west, Nederlân hie net meidien. Lykwols flechten in protte Belgen, dy't net yn de fjochtgroppen fan Flaanderen en Noard-Frankryk in doelleaze dea stjerre woene, nei  Nederlân. In tal fan harren waard gastfrij ûntfongen yn it hotel fan Sjouke en Janna Postma. Doe't de oarloch foarbij wie, wie de freugde grut. Hja koene fansels yn de fierste fierte net ane dat dizze ieu noch in grutte oarloch belibje soe.

Wylst ik dit opskriuw yn 2008, binne my heit en al syn broers en suster dea. Troch oarlochsgeweld, troch natuerlike oarsaak, út eigen frije wil.
Mar de beam wurd wis 100 of mear jier âld.

Ik hoopje dat in soart lytse jonkjes noch mear beammen plantsje, mar noait omreden fan it einde fan ien of oare rotoarloch........

ChestnuttreeIen fan syn 'neiteam' stiet yn de tún fan ús mem. Die yn Emmen is moai, mar dizze is noch moaier.











Werom nei it hotel
Nei it Famyljeportret