Wat mij
beweag dizze webside te meitsjen
Op in dei, omtrint oardeljier ferlyn siet ik wat doelleas achter myn
bureau.
Ik startte myn browser op en googlede op de namme fan myn ferstoarne
omke Klaas Postma, âldere broer fan myn ek ferstoarne heit,
Klaas.
Neffens my wier in grutte held, dy't syn libben jûn hat in it
slimste
konflikt fan de 20e ieu, de Twadde Wrâldoarloch.
Hij wie de oprjochter en ien fan de lieders fan in fersetsgroep yn
Utert. Dat wie alles dat ik op dat stuit wist.
Ta myn grutte fernuvering wie der in komplete webside wije oan dizze
man. Ik kaam derachter dat syn stoflike resten yn in eregrêf yn
Utrecht lizze, tegearre mei 17 oaren fan de "Oranjevrijbuiters".
Webmaster: Henk
Kerkhof, waans heit ek ien fan de 18 slachtoffers wie, en sels noch
famylje fan mij fan memmekant. In tige sympatike man.
Dit brocht mij oan it tinken
tinken oer myn
hele famylje fan heitekant. Werom wist ik dit net?
Sterker noch: Werom wist myn heit net fan dit monumint, of woe hij der
gewoan net oer prate?
It
antwurd is sljochtwei konkreet: De famylje is útelkoar
rekke
troch fundamentele
polityke ferskillen.
Wêr't ien broer in hege funksje ferfolde yn de Nederlânske
Nationaal-socialistische Beweging, de NSB, siet de oare yn it ferset,
en focht in terjochte striid tsjin de Dútse besetter. Wer in oar
lied
freeslik yn Nederlâns East-Ynje yn in Japâns
konsintraasjekamp, lykas syn frou en bern. Nei de oarloch waarden de
iene suster en har mem sûnder útlis fan - foar my alteast
-
dúdlike reden yn kamp Westerbork opslúten. En al gau ek
wer
frijlitten. Ús heit wurke as provinsjeamtner ûnder de
nazibesetting en die wat propaganda. Hjirfoar is hij letter ek
feroardield. En om let de jongste: Dy joech himsels op foar de Waffen
SS
en
focht yn de Sovjetunje. Harren heit Sjouke ferstoar fanwege in swakke
sûnens en fertriet
yn 1943.
Ik, op in brêge.
Slachtoffers, kollaborateurs en minsken dy't der mar sa'n bytsje
omhinne stienen,
allegear yn ien famylje. En in protte nuvere geheimen........
2 jier lyn wist ik dit alles net, teminsten net en detail. Eat
prigele mij om kontakt te sykjen mei omke- en muoikesizzers, dingen te
lêzen
en fan harren ferhalen te fernimmen, fan al myn omkes en myn
muoike. "Google wie myn freon", bij it finen fan ynformaasje
as ek bij it finen fan adressen en telefoannûmers mei help fan it
bytsje ynfo dat ik hie. It wie in geweldige erfaring, dy't begûn
mei it finen fan Klaas syn soan, John, mei help fan de Dienst
Burgerzaken yn Utrecht. Ik fûn Christa, Hennie's dochter, praatte
en
emailde mei
bern fan Jacob, frege ús mem en twa susters dy't noch yn libben
binnen
en besocht Bert syn noch libjende soan.
Elkenien fan harren wist wat, fansels foaral oer de eigen heit, en
stikjes oer de oare 5. It wie as in puzzel. Mei elk stikje waard my
mear dúdlik.Fassinearjend. Earlik wier, se wiene allegearre
aardich
tsjin mij, woene graach oer de eigen libbens fertelle, en fansels wiene
hja ynteresseard yn wat ik harren fertelle koe.
Wat hjirnei gebeurt? Wa wit. Ik hoopje op in goed kontakt, mar sil mar
ôfwachtsje. Ik haw it ferhaal ferteld. Net ien fan guonnen
út de
generaasjes
wêroer't ik fertel is noch bij ús, allinnich mar yn de
hollen en herten
fan harren neiteam. En ynstee fan in tûzendjirrich ryk, winskje
ik
tûzend jier, en mear frede foar ús en de generaasjes dy't
nei ús komme
sille.
Wiebe Anjo Postma, Tilburg, July 2008
Werom nei it hotel
Nei it famylieportret