Disclaimer
Bêste
lêzer,
Ik haw besocht de skiednis fan de famylje fan ús heit nei
bêste
witten te rekonstruearjen. Om't in soart direkt belutsenen net mear
ûnder ús binne, alteast net lichaamlik, moast ik
gebrûk meitsje
fan dat wat mij ferteld waard troch harren neiteam, en dingen dy't ik
fine koe op it net of oars. Pratend mei neven en nichten haw ik
noait oantekeningen makke, allinnich lústere nei wat hja te
fertellen
hiene.
Dus it opskriuwen fan alle info is letter bard, fan wat ik mij
herinnere.
Sadwaande ferûntskuldigje ik mij foar feitlike
ûnkrektheden. As
ien him roppen fielt mij te ferbetterjen op bepaalde feiten hjir,
wifelje net en stjoer mij in email. Ik soe der tankber foar wêze.
De oanfanklike kar foar it Ingelsk wie benammen ynjûn troch de
winsk
safolle mooglik ynteressearde minsken te berikken. Ik bin myn frou tige
tankber foar har korreksjes yn it taalgebrûk.
Wat de rest oangiet: Ik skamje mij net, ik haw myn bêst dien.
As it dij wat skele kin, begypst it ek wol. As it net sa is, stjoer mij
in email nei
hotelpostma@deds.nl. Kinne wij sjen of 't wij der út komme.
Lykwols, ik ferûntskuldigje mij totaal net foar it 'publyk' gean
mei de ferhalen as sadanich. Ik haw hjiryn in sekere oandrang folge. En
besocht sa respektfol mooglik mei de wierheid om te gean.
Werom nei it hotel
Nei it famyljeportret