Foar wa?

 Yn heel Europa, yn feite yn de hele wrâld, botsten de grutte ideologyen fan de tweintichste ieu.  Sosjalisme, Liberalisme, Nationaal Sosjalisme, Kommunisme, Anargisme, Pasifisme. Neam it mar.

Alles kaam foarbij, goed, min, de ien rop joechei, de oare gong er tsjinyn. Yn sa'n setting meitsje minsken in kar.

Grutte botsingen wieren fansels die tsjin it nazisme En in tragyske eskalaasje yn in hoeke fan ús kontinint, Spanje. Wêr't alle -ismen mei elkoar yn oanfarring kamen. Sa goed beskreaun troch  Geert Mak yn syn boek  "In Europa".
De wûnen út die dagen binnen noch net genêzen, al dogge de Spanjaarden hjoed de dei grutte moeite, mei help fan de resinte  Ley de la Memoria Histórica., in wet dy't stelt dat alle slachtoffers, of it no fasisten, kommunisten of anargisten wieren, rjocht hawwe op erkenning fan harren persoanlike lijen.

Dat punt woe ik nei foaren bringe. Dit is net eksklusyf Nederlâns. Of Spaansk. Ferlykbere fersteurde ferhâldingen spilen yn it polityk ferdielde Itaalje, yn kommunistysk Hongarije, yn België. Elts ferhaal ferlykber, en dochs ek unyk, sa as dat fan myn famylje.

Mar ideologyske ferskillen út it ferline meitsje it foar minsken no fakentiids ûnmooglik om in hân út te stekken nei de oare en te sizzen: do hast ek lijd. Yn myn Postma famylje barde dat, broers dy't harren mei grom haatten. Mar it is net eksklusyf foar de Postma's. It is net eksklusyf foar Nederlanners. It is net eksklusyf foar dy't wounen yn in grut konflikt.
Feitliks, hawwe wij allegear ferlern, en moatte ús meiminsklikheid besykje werom te winne. Dat is in putsje foar it hele libben.

Ik skreau dizze side oarspronklik yn it Ingelsk, lykwols it net myn memmetaal is. Benammen on it út tillen boppen it eksklusyf Nederlânske, foart te kommen fan Nederlânske kwetste gefoelens en frustraasjes fan mear as 60 jier ferlyn. It ienfâldichste paad derhinne like mij de lingua franca, it Latyn, fan ús tiid te nimmen, it Ingels.
En no dus ek yn it Frysk.
 
Ik stek myn hân ta oan elkenien dy't fan goede wil is.

Lit ús besykje de hjir fertelde ellinde te foarkommen. As dit ferhaal der in lyts bytsje ta bijdraget, bin ik der oe sa wiis mei.

It ferhaal is ynteressant genôch, lês sels mar.

Werom nei it hotel