Fakânsje nei de Moezel

April 2010

 

Op 18 april ride wy earst mei de camper nei Wopke. Dy is jierdei hjoed en hâldt in feestje. Dêrwei geane wy nei it folgjende feestje yn Apeldoorn, want Radboud Johan hat jierdei west. Dus begjint ús fakânsje goed. Wy sjogge inoar allegearre noch even en nei iten fertrekke wy richting Dútslân. It is mar in eintsje nei de grins en Bocholt is nei de grins ek net fier mear. It leit 13 km. fan de autodyk en hat in moai camperplak. Fergees neffens de berjochten. Dat kloppet. Kinst by it tekstylmuseum stean, in prachtich plakje. Stroom is der ek noch, mar dat hoege wy net. Fierders gjin sani, mar even fierderop kin dat regele wurde. It is prachtich waar hjoed. By Radboud Johan sieten wy de hiele tiid bûtendoar en hjir kinst ek noch yn it bloeske omrinne.

 

Moandei 19 april

Wy besjogge nei in bakje kofje Bocholt. Yn it sintrum is in histoarysk stedhús oan in plein. In moai gebou, mei derefter de St. Georg tsjerke. Dy is net hiel bysûnder, mar yn de tsjerke binne moderne glês yn lead ruten en ek hat in keunstner it lijensferhaal útbylde yn stien, wat wol hiel moai is. Foar it stedhús stiet it keunstwurk de ‘Europabron’, dy’t yn 1972 hjir delset is doe’t de sted 750 jier bestie. De Liebfrauenkirche is ek net sa bysûnder. Flakby stiet in âlde kapel út de 15e ieu. Dat is sawat it iennichste âlde gebou hjirre. Gefolgen fan de oarloch? Wy rinne noch by it ‘Haus Woort’ del, in moai klassisistysk hús, en de Kristustsjerke, in read bakstiennen gebou. Dan geane wy werom, ite wat en stappe op de fyts foar in tochtsje by de Bocholter Aa del. Kinst hjir in hiel soad rûtes fytse, dat ha se goed foarinoar. Wy besjogge yn Borken it Schloss Pröbsting en yn Rhede it Schloss Rhede en de Gudula tsjerke. Fan binnen is der net folle te sjen. De rit is prachtich. Moaie paadsjes, bloeiende beammen, faak by de rivier del en ek noch moai waar. De koarte broek kin noch net oan, want it is wat oan de kâlde kant. Mar de sinne skynt de hiele dei! En dan is 33 kilometer in moai eintsje, mar wy ha wol ús nocht. By it jûnsiten komme wy der efter dat der noch wat ierpels fan de foarige fakânsje yn de panne sitte….dy binne net mear te iten fansels en de panne stjonkt nochal! No ja, dan wit je ek wer dat it goed is om alles troch de hannen te krijen.

 

Tiisdei 20 april

Hjoed wolle wy nei de Moezel ride. Dat betsjut in ein oer de autobahn en yn de buert fan Koblenz der ôf. Ear’t wy op de autobahn komme, tanke wy earst. Dat wol bêst, mar it beteljen net. Eartiids wie dat yn Dútslân ek wol sa, mar yn dizze tiid? Neffens de pompman komt it fan syn apparaat, dat it op dit stuit net docht. Wy meie fan him in eintsje fierderop pinne (en dan weromkomme om te beteljen fansels) Mar gelokkich ha wy krekt jild genôch om dochs kontant te beteljen.

Dan ride wy mei in snelheid fan 100-110 nei it suden. It is wer moai waar en wy ha nearne lêst fan files en sa. Al in ein foar Koblenz geane wy fan de autobahn, omdat wy Koblenz net yn wolle. Wy ha Neef útsocht:dat plakje kinne wy moai stean en dan dêrwei de omjouwing yngean. Wy ride troch it ús bekende Cochem en dan is it noch in eintsje nei Neef. Yn de neimiddei komme wy oan. It is in moai camperplak oan de Moezel, mei sani. Betellest 5 euro en mei stroom is dat 7 euro. En je steane op gers. Allinne is der in spoarline efter it camperplak en ride de treinen mei in behoarlike frekwinsje efter ús del. Mar nachts is it wat minder, dat wol. Jûns rinne wy in eintsje troch Neef. It is in plakje wer’t de huzen ticht opinoar steane op it lytsje bytsje beskikbere grûn tusken berch en rivier.

 

Woansdei 21 april

It waar is hjoed wat minder. Gjin sinneskyn, want de loft is berûn. Dat betsjut dat it flink kâlder is.

Mar fytse kin bêst! De jas goed oan en wy geane der op út. Fia Neef en Bullay komme wy oan yn Zell. Dat is in wat grutter plak. Dan fytse wy oan de oare kant fan de Moezel fia Alf nei St. Aldegund. Dêr kinst wer oerstekke nei Neef. In tochtsje fan sa’n 22 kilometer, meast oer in fytspaad by it wetter del. Dat fytspaad is trouwens faak nochal hobbelich of mei in soad pún. Mar it rydt fierders prima.  Wy steane ferbaasd oer hoefolle druven der hjir ferboud wurde. Je hâlde it net foar mooglik op hokker steile plakjes noch druvestokken steane. Net in plakje is ûnbenut. Ien plak profileart himsels as de steilste druvehelling dy’t der bestiet. Moatst as boer hjir gjin hichtefrees ha! Yn St.Aldegund keapje wy in in ‘dorfladen’ in kropke slaad en crème fraiche. It assortiment is nochal beheind. Der wie yn Zell mear te krijen, mar de winkels binne hjir oeral ticht oan 2 oere middeis ta.

 

Tongersdei 22 april

Wy sanikje even mei de camper en geane dan fierder by de Moezel del. Fia de plakjes Pünderich, Reil en  Enkirch komme wy oan yn Traben Trarbach. Dat is in wat grutter plak dat de muoite wurdich is om te besjen. Wy sette de camper op in parkearplak by de poarte (de Brückentor) del en geane dan mei de fyts de stêd yn. Dat is Trarbach – oan de oare kant fan de Moezel hjit it Traben. Hjir bewûnderje wy inkelde barokfilla’s, in moai plein en twa âlde poarten. Dan stekke wy oer nei de oare kant. Blikfanger is it âlde postkantoar, in prachtich gebou dat lykwols mar goed 100 jier is. It ‘alte Bahnhof’ is ek moai, mar hjir binne ek hiele moaie fakwurkhuzen út de 17e ieu. En it stedhús mei it ‘kommandantenhaus’, dat no in hotel is. Je kinne net oeral fytse, want soms is it wat te steil. Wy beslute de stedtoer mei in ysko, lekker yn it sintsje oan de Moezel. Dan fertrekke wy nei in oar camperplak. Wy besjogge in pear yn Kinheim en Urzig, mar bedarje úteinliks yn Graach. No, dêr steane wy fansels graach! Fuort oan de Moezel. It camperplak is hast in camping, want alle plakken binne omheind mei planken en peallen, de ferskillende paden ha nammen, der wappereat in flagge mei ‘Sun Park’… en der binne ek noch dûsen, wc’s en kinst ek waskje yn in waskmasine. Sels ynternet kinst krije. In bytsje tefolle fine wy.

 

Freed 23 april

Bernkastel Kues leit om’e hoeke, sa’n 5 kilometer sawat. Dus prachtich om te fytsen. It waar is poerbest, elke dei better en waarmer. De stêd is in juwieltsje fan midsieuske fakwurk-boukeunst. Skitterjende huzen, skeef, oerhingjend nei inoar tak rekt as sizze se inoar de tiid fan de dei. Tuskentroch moaie gesellige pleintsjes. Allegearre winkeltsjes en in soad toeristen, want Bernkastel is dúdlik in toeristesintrum. Wy fotografearje hiel wat ôf.  Earst de Karlsbacher Platz mei in moaie fontein en âlde fakwurkhúskes. Dan fia moaie strjitsjes nei de Graacher Tor, wer’t in museum yn sit. Underweis komme wy in groep toeristen tsjin mei in midsieuske gids. Op de ‘Markt’ sitte wy yn it sintrum fan de midsieuwen. In âld stedhús, in prachtige fontein, skitterjende fakwurkhuzen en moaie wynwizers op it dak en in prachtich ‘Spitzhäuschen’, wat him miskien it best fertale lit mei ‘beitelhús’. Fierderop inkelde prachtige filla’s en in nmoaie ‘Doktor’ fontein mei allegearre spreuken en foarstellingen oer de wynbou. Dy wynbou slacht hjir ek foar master op’; it binne allegearre ‘weingut’ huzen. En in soad huzen ha prachtige spreuken, lykas dy oer it libben dat koarter duorret as de dea, dus moatte je der fan genietsje.

Oan de oare kant fan de Moezel leit Kues. Neamd nei Cusanus, in ferneamd kardinaal út de 15e ieu. Der is in kleaster mei in museum en syn bertehús is ek wol aardich. As wy oan dizze kant fan de Moezel weromfytse, falt op dat hjir prachtige túnhúskes steane. Hiel moai fersierd faak, keunstich hast. Yn Wehlen sjogge wy allegearre sinnewizers. Wehlen hat der wat mei, want it Wehlener Sonnenuhr is ferneamd. It leit tsjin de berch oan en mist it sifer 7. De makker tocht dat dy der net op hoechde, want dy foel dochs altiten yn it skaad. Oan de ein fan de dei komme wy wer by de camper oan. It is waarm wurden; koarte broek en koarte mouwen en yn de sinne! Wy ite sels bûtendoar. Letter geane wy even op ynternet. Sa no en dan sjogge wy hiele grutte boaten del kommen. Ien fan 135 m. lang, mar wy ha se noch wol langer sjoen. Wy kinne der hast net by, dat dy boaten de bochten fan de Moezel allegearre nimme kin. Mar dat silt wol, oars fearen se hjir net. Mar dy sluzen moatte dus ek sa lang wêze. Nachts farre der trouwens ek boaten.

 

Sneon 24 april

It is hjoed sok skitterjend waar, dat wy dogge fierders earst mar neat. Wy sitte lekker yn de sinne nei de joekels fan boaten te sjen op de Moezel, prate wat meiioar, kuierje in lyts eintsje en kofjedrinke lang. En o ja, der binne nochal wat foto’s makke. Dy wurde op de kompjoeter set, skift en fan in namme foarsjoen. En fansels moat der wat opskreaun wurde yn dit deiboek. No, it is net in toer om sa de dei om te krijen. Wy drinke middeis wer kofje en beslute om dan mar op reis te gean. In Dútser stie mei de grutte camper al efter ús te wachtsjen dat hy der yn koe. Wy wiene noch net fertrokken om te sanikjen of hy stie der al. Dan ride wy earst in stikje by de Moezel del. Wy wurde nei Trier wiisd fia de snelwei. Efternei hiene wy ek by de Moezel del kinnen, dat hie moaier west. No ferride wy ús ek noch even. Mar fierders bedarje wy al gau yn Trier. Dan binne wy lykwols noch net by it camperplak, want wy moatte de hiele sted noch troch. It camperplak is it Messepark; in grut parkearterrein mei in apart diel foar campers. Op in P bûten it camperplak steane lykwols ek campers. Letter komme wy der efter dat dy fergees steane; wy moatte 6 euro betelje. No ja, ús plakje is wat better en leit fierder fan de dyk. Dat skeelt al wat. Kinst hjirneist trouwens ek opo de camping stean, mar dan betellest 19 euro. It is mar wat je wolle.

 

 

Website van de Swalkers
Home
week 1 week 2

 

 

Duitsland
Belgie