De Kolhoop

KolhoopDit hús spyle in wichtige rol yn de skiednis fan de Postma's.
It is boud yn 1932/33, en wie ûntworpen troch soan  Klaas dy't architect wie.
It wie bestemd as wente foar syn heit en mem, omt de âldste soan Jacob it hotel oernaam.

Sa as hjir te sjen, wie it in moai ûntwerp, in bewys fan Klaas' talent.

De Kolhoop waard boud yn tiden fan wrâldwide finansiele nederklits, en dat hie ek hjir syn impact.
Om't in klant syn ferplichtingen him tsjinoer net ferfolle koe, koe Klaas syn eigen skulden net foldwaan. Jacob en syn frou Frieda kamen werom fan hareen houliksreis op'r Rijn, klear om it bedriuw oer te nimmen. Mar instee: in kâlde dûs. De ferbou fan it hotel lykas de bou fan de Kolhoop wie stillein, om't rekken net betelle wurden koene. Om him ut de skoarsek te helpen, moast de hele famylje bijspringe. It wie maaitiid, de droktste tiid fan it jier kaam, mar personeel koe net ynhierd omreden fan te min likwide middels.

Alle famyljeleden holpen yn de saak, en hja hiene gelok: it wie in prachtige simmer wer't hja in protte klanten hiene. Dus in soart omset dy't der foar soarge dat tsjin it einde fan it jier de slimste soargen oer wiene. Mar dochs, it hat in finansjele impact hawn fan jierren.

Heit en mem Sjouke en Janna belutsen de wente mei harren jongste soan  Bert en dochter Frouwkje en beiden wennen der oant harren libbensein, yn 1943 respektivelik 1964.
In lyts tabakswinkeltsje waard dreaun yn it rûne diel rjochts oant 1962, troch myn beppe Janna.

Yn de jierren nei de oarloch, ferbleaune Jacob's bern yn it hús omt harren âlden, as kollaborateurs yn de oarloch, ut harren hús set en fêstnaam waarden. De bern, oe sa jong noch(de jonste wie 1,5 jier âld), fûnen ûnderdak yn de Kolhoop bij  beppe Janna en muoike Frouwkje.
Oant beppe en muoike ek arresteard waarden en de bern derut skop, hielendal oan harren lot oerlitten.. Yn letter jierren waard de ûnrjochtfeardigens hjirfan wol ynsjoen, dochs liet fansels dizze erfaring grutte trauma's achter bij de belutsenen.
Doe beppe letter wer frijlitten waard(hja hâlde fan har mei de nazis sympatisearjende soan, en dat wie it wol sa'n bytsje) kamen dyselde bern wer yn de Kolhoop te wenjen. Hja gongen ek yn Emmen nei skoalle.

Ek  Hennie's dochter ferlbleau in soart bij har pake en beppe yn de 30-er jierren, eart hja nei "de Oost" ôfsetten. Nei harren weromkomst yn 1946, ferbleaune sij en har âlden dêr, omt hja gjing eigen wente hien. Nei har âlden weromgongen nei N.E.Ynje, fûn hja hjir in twadde tus. Bij beppe en muoike.

Joop's twa âldste famkes wennen ek yn de Kolhoop, benammen daliks nei't hja weromkamen ut Súd-Amearika yn 1957, en de eigen wente yn Warns noch net yn oarder wie.
Ien fan harren behâlde nau kontakt mei muoike Frouwkje en besocht har fakeris yn de 60-er jierren, nei't beppe ferstoarn wie.
Iksels, harren lytste bruorke, verbleau in wike tegearre mei us heit in dit hús yn 1970, nei't muoike Frouwkje op de 8e jannewaris fan dat jier ferstoarn wie. It hús moast oprêden en klearmakke foar de ferkeap. Hij liet mij doe in protte fan Emmen sjen en fertelde oer syn bernetiid.

Neffens mij kin men terjochten stelle, dat in protte fan de Postma-neiteam, twadde of tredde generaasje, in feilige haven fûn hat yn dit hús op iennich moment yn harren ûnbestindige libbens.
Myn suster fertelde mij dat hja it altiten in interressant ûntwerp fûn, om't it oan ien kante rûn wie. Ik herinnerje mijsels benammen de prachtig kleurde glês-yn-lead ruten. Kinst se hjir oan de bûtenkante sjen. Moai.

Werom nei it hotel
Nei it Famyljeportret